Tomas Tranströmer

Tomas Tranströmer (Stockholm, 15 april 1931 - dêre, 26 maart 2015) wie in Sweedsk dichter en oersetter. Tranströmer hie syn debút yn 1954 mei syn dichtsamling 17 dikter. In stikmannich fan Tranströmer syn dichtwurken binne troch Eeltsje Hettinga oerset nei it Frysk. Yn 1956 studearre er ôf as psycholooch oan de universiteit fan Stokholm.

Tomas Tranströmer

Prizen bewurkje seksje

Tranströmer krige ferskate prizen foar syn wurk lykas de Sweedske Aftonbladets litteraturpris yn 1958. Yn 1966 wûn er de Bellman-priis en yn 1981 de Petrarca-priis. Yn 1990 wûn er sawol de literatuerpriis fan de Noardske Ried as de Neustadt International Prize for Literature. Yn 1992 krige er de Dútske Horst-Bienek-Preis für Lyrik en de Svenska Akademiens nordiska pris. Yn 1996 wûn Tranströmer de August-priis. Yn 2011 krige Tranströmer de Nobelpriis foar de Literatuer "om syn dichtsjende, trochskinende bylden dy't it paad wize nei de wurklikheid".[1]

Wurk bewurkje seksje

In oersjoch fan syn wurk oant en mei 2011[2]:

  • 17 dikter. Bonnier, Stockholm 1954
  • Hemligheter på vägen. Bonnier, Stockholm 1958
  • Den halvfärdiga himlen. Bonnier, Stockholm 1962
  • Klanger och spår. Bonnier, Stockholm 1966
  • De fyra första samlingarna i volymen Kvartett. Bonnier, Stockholm (1967)
  • Mörkerseende. Författarforlaget, Göteborg 1970
  • Stigar. Författarforlaget, Göteborg 1973, ISBN 91-7054-110-8
  • Östersjöar. Bonnier, Stockholm 1974, ISBN 91-0-039367-3
  • Sanningsbarriären. Bonnier, Stockholm 1978, ISBN 91-0-043684-4
  • Dikter. 1954-1978 (1979)
  • PS. (1980)
  • Det vilda torget. Bonnier, Stockholm 1983, ISBN 91-0-046048-6
  • För levande och döda. Bonnier, Stockholm 1989, ISBN 91-0-047672-2
  • Minnena ser mig. Bonnier, Stockholm 1993, ISBN 91-0-055716-1
  • Sorgegondolen. Bonnier, Stockholm 1996, ISBN 91-0-056232-7
  • Samlade dikter. (1954-1996)
  • Tolkningar. (1999)
  • Fängelse. Nio haikudikter från Hällby ungdomsfängelse (1959). Edition Edda, Uppsala 2001, ISBN 91-89352-10-6
  • Air mail - brev 1964-1990 (2001)
  • Den stora gåtan. Bonnier, Stockholm 2004, ISBN 91-0-010310-1
  • Klangen säger att friheten finns. (2002)
  • Dikter och prosa 1954-2004 (2011)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tomas Tranströmer op nobelprize.org
  2. Tomas Tranströmer op de webside fan syn útjouwer