Tomas fan Woodstock (toanielstik)

Tomas fan Woodstock, yn it Ingelsk: Thomas of Woodstock (inkeld ek wol Richard II, Diel 1 neamd), is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan in anonym en nammeleas manuskript (MS. Egerton 1994), dat op 'e noed is fan it Britsk Museum. Yn Tomas fan Woodstock wurde de foarfallen út it regear fan 'e Ingelske kening Richard II (reg. 1377-1399) behannele, dy't laten ta de moard op 'e omke fan 'e kening, Tomas fan Woodstock, de hartoch fan Gloucester, yn 1397. Der wurdt gauris fan útgien dat it stik sterk beynfloede is troch de Shakespeariaanske keningsstikken Richard II en Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2. Tomas fan Woodstock bestie inkeld as in anonym en ûnfolslein manuskript sûnder titel yn it besit fan 'e British Library, oant de tekst yn 1929 útjûn waard troch de Malone Society.

Tomas fan Woodstock
algemiene gegevens
oarspr. titel Thomas of Woodstock
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1582-1610
1e publikaasje 1929, Londen
oarspr. útjwr. Malone Society

Auteurskip en datearring bewurkje seksje

Guon saakkundigen hawwe Tomas fan Woodstock taskreaun oan 'e William Shakespeare, en sadwaande wurdt it ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, mar oer dy taskriuwing binne de mienings yn akademyske fermiddens djip ferdield, mei party wittenskippers dy't it suver wis achtsje dat Shakespeare alteast by it skriuwen fan it stik belutsen wie, wylst oaren dêr neat fan witte wolle. In wichtich argumint tsjin Shakespeariaansk auteurskip is dat yn Tomas fan Woodstock, dat yn 'e histoaryske gronology fan 'e Shakespeariaanske keningsstikken foàr Richard II falle soe, sir Henry Green sneuvelet yn akte V, wylst dyselde oan it begjin fan Richard II wer libbet oant er yn akte III op befel fan Hindrik IV terjochtsteld wurdt. As Tomas fan Woodstock al in toanielstik fan Shakespeare is, soe dit yn syn hiele oeuvre it iennichste foarbyld wêze fan immen dy't twaris stjert.

Ek oer de fraach wannear't Tomas fan Woodstock skreaun is, rinne de mienings útinoar: it is datearre omtrint 1582, tusken 1591 en 1595, en yn it earste desennium fan 'e santjinde iuw. Fanwegen it feit dat de oarspronklike titel ûnbekend is, bestiet der gjin bewiis dat it stik ea opfierd is. Lykwols wize de fersliten steat fan it manuskript en de oanwêzigens fan yn 'e marzje delkwattele oantekens oangeande de nammen fan spesifike akteurs en ynstruksjes troch de doetiidske sinsuer derop dat Tomas fan Woodstock ûnder it regear fan Jakobus I grif ferskate kearen op 'e planken brocht wêze moat.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater