Torgny Lindgren (Raggsjö, 16 juny 1938 - Rimforsa, 16 maart 2017) wie in Sweedsk skriuwer, dy't beskôge wurdt as ien fan de meast wichtige Sweedske auteurs fan ein 20e-, begjin 21 iuw. Lindgren syn wurk is oer de heule wrâld oerset en hy hat in tal belangrike prizen krige, sa as de Prix Femina en de Augustpriis.

Torgny Lindgren yn 2007

Lindgren waard berne yn Västerbotten, goed 800 km noardeast fan Stockholm. Hy gong nei skoalle yn Umeå) en studearre skiednis, politikology en ierdrykskunde yn Stockholm en Uppsala. Hy debutearre yn 1965 mei in dichtbondel mar syn trochbraak wie yn 1982 mei de roman It paad fan de slang. Dat boek waard yn 1986 ferfilme troch Bo Widerberg. Yn it Nederlânske taalgebiet wurdt syn wurk útjûn troch útjouwerij De Bezige Bij. 2006 wurdt syn roman Ljuset yn in bewurking foar toaniel opfierd troch it Noard-Nederlânsk Toaniel. Fan syn poëzy is mar ien lange syklus yn it Nederlânsk oerset (troch Hans Kloos), de rige 'Gemeentlik' út de bondel Dikter från Vimmerby.

Sûnt 1991 is Lindgren beneamd yn de Sweedske Akademy op sit 9.

Lindgren stoar yn 2017 yn de âldens fan 78 jier.

Boeken bewurkje seksje

  • Plåtsax, hjärtats instrument (1965)
  • Dikter från Vimmerby (1970)
  • Hur skulle det vara om man vore Olof Palme? (1971)
  • Skolbagateller (1972)
  • Övriga frågor (1973)
  • Hallen (1975)
  • Brännvinsfursten (1979)
  • Skrämmer dig minuten (1981)
  • Ormens väg på hälleberget (1982) (Ned. oerset.: De weg van de slang)
  • Merabs skönhet (1983) (Ned. oerset.: De schoonheid van Merab)
  • Bat Seba (1984) (Ned oerset.: Batsheba)
  • Legender (1986)
  • Ljuset (1987) (Ned. oerset.: Het licht)
  • Kärleksguden Frö (1988)
  • Till sanningens lov (1991)
  • Hummelhonung (1995) (Ned. oerset.: Hommelhoning)
  • I Brokiga Blads vatten (1999) (Ned. oerset.: In het water van bonte bladen)
  • Pölsan (2002) (Ned. oers.: Het ultieme recept)
  • Döden ett Bekymmer (2003) (tegearre mei Eric Åkerlund)
  • Berättelserna (2003)
  • Dorés Bibel (2005)
  • Norrlands akvavit (2007)
  • Nåden har ingen lag (2008) (fannijs útjûn yn ien bân Hummelhonung, Pölsan en Dorés bibel)
  • Minnen (2010)
  • Klingsor (2014)

Keppelings om utens bewurkje seksje