De trapfûgels of trappen (wittenskiplike namme: Otididae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves), de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) en it skift fan 'e trapeftigen (Otidiiformes). Dizze famylje bestiet út alve skaaien mei yn totaal 26 soarten, dy't foarkomme yn Jeraazje, Afrika en Austraalje. De trapfûgels binne de iennichste famylje fan 'e trapeftigen, en binne sadwaande it naust besibbe oan 'e oare beide skiften binnen de gruttere groep fan 'e trapfoarmigen, te witten de toerako-eftigen (Musophagiformes) en de koekoekeftigen (Cuculiformes).

Trapfûgels
In swartbúktrap (Lissotis melanogaster)
In swartbúktrap (Lissotis melanogaster)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: trapfoarmigen (Otidimorphae)
skift trapeftigen (Otidiiformes)
famylje trapfûgels (Otididae)
Rafinesque, 1815

Beskriuwing bewurkje seksje

Trapfûgels libje op steppes en yn healwoastinen. It binne skouwe fûgels fan 40-120 sm, dy't har almeast op de grûn ophâlde, hoewol't se goed fleane kinne en fleanend ek grutte ôfstannen ôflizze. Se hawwe stevige, mar lange poaten, in lange hals en brede wjukken. Se hawwe lykwols gjin kloer dy't nei efteren ta útstiket, dat se kinne net yn in beam sitte om't se har net oan 'e tûke beethâlde kinne. Ornaris binne se brún of griis en hawwe se dûnkere streken en plakken oan 'e boppeside fan it lichem, wylst se oan 'e ûnderkant witich, gielich of swart binne. Dêrmei hawwe se in treflike kamûflaazjekleur. Trapfûgels binne omnivoaren, dy't lykwols almeast plantaardich fretten beplúzje. Harren reäksje op gefaar is om al dravend hurd út te naaien, en pas as dat net helpt, fleane se fuort.

Famylje-opbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.