Tsjerke fan Dolsterhuzen

De Tsjerke fan Dolsterhuzen is ien fan de twa tsjerken fan de protestanske gemeente Sint-Jehannesgea-Dolsterhuzen. It gebou is in gemeentlik monumint.

Tsjerke fan Dolsterhuzen
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Dolsterhuzen
adres Marwei 86
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1908
arsjitekt J. Schreur
offisjele webside
Side gemeente

Skiednis bewurkje seksje

 
De tsjerke fan Dolsterhuzen yn it begjin fan de 18e iuw (Atlas Schoemaker-Friesland, diel 2)

Oarspronklik stie de tsjerke fan Dolsterhuzen op it hôf oan de râne fan de Tsjûkemar. In ôfbyld yn de Schoemaker Atlas fan 1710-1735 toant in ienfâldich romaansk sealtsjerkje mei in houten klokkestoel, dêr't twa klokken yn hongen.

De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1908 neffens in ûntwerp fan J. Schreur foar de herfoarme gemeente boud. It ynterieur fan de tsjerke waard yn de jierren 1960 modernisearre en yn deselde tiid waard der, nei skea troch in gaslek, in nije konsistoarje achter de tsjerke boud. In diel fan de feroarings oan it ynterieur binne yn de jierren 1980 werom draaid.

Yn 2008 fierde de gemeente it iuwfeest fan harren tsjerke.[1]

Oargel bewurkje seksje

It oargel boppe de preekstoel waard nei de foltôging fan de tsjerke troch Bakker & Timmenga boud. By de lêste restauraasje yn 1994 troch itselde oargelbedriuw waard it ynstrumint noch útwreide mei in trompetregister.[2]

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: