Tunis (Arabysk: تونس Tūnis) is de haadstêd en grutste stêd fan Tuneezje.

Tunis
Tunis
Tunis
Polityk
Lân Tuneezje
Gûvernemint Tunis
Boargemaster Seifallah Lasram
Sifers
Ynwennertal 1.056.247 (2014)
Oerflak 212 km²
Befolkingsticht. 9406 km²
Stêdekloft > 2 miljoen
Hichte 4-41
Oar
Stifting 2e millenium f.Kr.
Tiidsône UTC +1
Koördinaten 36° 48' NB, 10° 11' OL
Offisjele webside
www.commune-tunis.gov.tn

Geografy bewurkje seksje

De stêd leit yn it uterste noarden fan it lân, oan de Middellânske See. Krekt bûten Tunis lizze de oerbliuwsels fan it âlde Kartago, de eartiids Foenysyske- en Romeinske stêd.

Tunis leit oan it Tunismar, (de baai fan Tunis).

Skiednis bewurkje seksje

Tunis hjitte eartiids yn de klassike âldheid Kartago. Neffens in Romeinske leginde waard de stêd stiften troch Foenysyske koloanisten yn 814 f.Kr. ûnder keningin Elissa. De Foenysyske delsetting ûntwikkele him ta in rike stêd en waard in macht fan betsjutting yn it Mediterane gebiet. In konflikt mei de Grykske stêd Syracuse ûntaarde yn it tal oarloggen mei de Romeinen. Hannibal's ynvaazje fan Itaalje yn de Twadde Punyske Oarloch late ta in Kartaagske oerwinning en wie in serieuske bedriging foar de Romeinske hearskippij oer Itaalje. Uteinlik wie Kartago de swakkere partij en ferlear de slach. Nei de Tredde Punyske Oarloch waard Kartago troch de Romeinen yn 146 f.Kr. ferneatige. Mar de Romeinen werbouden de stêd en de stêd soe ien fan de trije grutste stêden wurde fan it Ryk en haadstêd yn it tiidrek fan de Fandalen oant it foar in twadde kear ferneatige wurde soe troch de Arabieren yn 698.

Op 30 augustus 1270 fûn der in slach plak (de Slach by Tunis) tusken de Moaren en Fryske krúsfarders. De krúsfarders wienen ûnderweis nei it Hillige lân en rekke tidens in opûnthâld yn gefjocht. De slach waard troch de Friezen wûn.

Kultuer bewurkje seksje

 
Antonius Pius Termen, Kartago

Fan de Romeinske oerbliuwsels binne benammen de termen (baden), de greven, amfiteater en de restanten fan it akwadukt it besjen wurdich.

Lykas in protte tsjintwurdige Arabyske stêden docht Tunis wat arsjitektuer oanbelanget sawol âlderwenst as modern oan. It âldere part fan de stêd wurdt de medina neamd, (Medina betsjut gewoan stêd yn it Arabysk).

Hiel nijsgjirrich om te besjen is de souk Bab-el-Bahar dy't rekkene wurdt ta ien fan de moaiste fan Noard-Afrika. Eltse ambacht hat hjir syn eigen stek, sadelmakkers, parfumers, tapijthannelers, koperslaggers, juwelenhannelers, pottenbakkers ensf. Een oriëntaals handelsleven met specifieke geuren, een warboel van kreten en een rijk palet van kleuren. En daarbovenuit steekt de 44 meter hoge minaret fan de moskee dy't út de 8e iuw stammet. Tsjinoer it Dar Hoessein-paleis (mei museum foar islamityske keunst) stean de moskeeën El-Ksar en de Kasba mei de fraaie minaretten (út 1200). Net alle moskeeën binne frij tagonklik. De Moarske styleleminten oerhearskje.

Musea bewurkje seksje

Yn it Bardomuseum, ûnderbrocht yn it eardere Bardo-paleis is in museum ynrjochte mei in unike tentoanstellink fan Romeinske mozaiken, modellen fan wichtige ruïnes, Foenysyske fynsten, Romeinske sarkofagen ensf. byinoar brocht yn wol 30 sealen.

Oar bewurkje seksje

Tunis hat in ynternasjonaal fleanfjild en fanút de haven binne fêste fearferbiningen nei Trapany op Sisylje, Itaalje. De stêd beskikt ek oer in universiteit.

Berne yn Tunis bewurkje seksje