Twadde Keamerferkiezingen 2017

De Twadde Keamerferkiezingen 2017 waard holden op 15 maart 2017. By dy ferkiezingen waarden de 150 leden fan de Twadde Keamer keazen.

Nei it stimmetellen yn 388 gemeenten wie de sterkste partij de konservatyf-liberale Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) fan premier Mark Rutte. Geert Wilders en syn rjochts-populiste Partij foar de Frijheid (PVV) hie it twadbêste resultaat mei 13,1% fan de stimmen. De opkomst wie 81,6%. Dat wie 7% heger as by de lêste Twadde Keamerferkiezingen 2012.

Utslach bewurkje seksje

 
Sitferdieling neffens ferkiezingsútslach.
 
Grutste partij per gemeente.

De offisjele útslach waard op 21 maart 2017 wrâldkundich makke.[1]
Hjirûnder steane de partijen dy't in sit helle ha yn de Twadde Keamer:

Ferkiezingsútslach Twadde Keamerferkiezingen 2017
Partij Stimmen % +/- Sitten +/-
Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD) 2.238.351 21,3 %   5,2 33   8
Partij foar de Frijheid (PVV) 1.372.941 13,1 %   3,0 20   5
Kristen Demokratysk Appèl (CDA) 1.301.796 12,4 %   4,0 19   6
Demokraten 66 (D66) 1.285.819 12,2 %   4,0 19   7
GrienLinks (GL) 959.600 9,1 %   6,6 14   10
Sosjalistyske Partij (SP) 955.633 9,1 %   0,4 14   1
Partij fan de Arbeid (PvdA) 599.699 5,7 %   19,1 9   29
KristenUny (CU) 356.271 3,4 %   0,3 5   0
Partij foar de Dieren (PvdD) 335.214 3,2 %   1,2 5   3
50PLUS (50+) 327.131 3,1 %   1,2 4   2
Steatkundich Grifformearde Partij (SGP) 218.950 2,1 %   0,0 3   0
DENK 216.147 2,1 % - 3   3
Foarum foar Demokrasy (FVD) 187.162 1,8 % - 2   2
Oaren
MEI-INOAR 10.516.041 100 - 150 -
Tal stimmen / Opkomst 10.563.456 81,6   7,0 - -

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Tweede Kamer 15 maart 2017, Kiesraad