Tynaarlo (gemeente)

Tynaarlo is in gemeente yn de provinsje Drinte, mei 34.756 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 145,00 km² (wêrfan 1,50 km² wetter).

Tynaarlo
It gemeentehûs fan Tynaarlo yn Vries yn 2010. It gebou, dat iepene is yn 2004, waard ûntwurpen troch de arsjitekten Claus & Kaan.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
Provinsje Drinte
boargemaster Marcel Thijsen
sifers en geografy
haadplak Vries
grutste plak Súdlaren
ynwennertal 34.756 (1 jannewaris 2024)
oerflak 147,70 km²
● wêrfan lân 143,00 km²
● wêrfan wetter 4,7 km²
tal doarpen 19
ferkearsieren A28, N34, N386, N858, N962
skiednis
oprjochte 1998
1 jannewaris - 31 desimber 1998 Gemeente Súdlaren
oar
postkoade 9470-9478,
9480-9485,
9490-9491,
9493-9499,
9760-9769
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Webstee fan de gemeente
Dizze side giet oer de gemeente Tynaarlo. Foar it doarp dêr't de gemeente nei neamt is, sjoch: Tynaarlo (doarp).

Untstean bewurkje seksje

De gemeente is by de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1998 ûntstean út de gearfoeging fan de eardere gemeenten Eelde, Vries en Súdlaren. De nije gemeente hjitte earst ek "Súdlaren", dit rôp protesten op yn de beide oare plakken. Dêrom waard keazen foar de namme fan it lytse doarp Tynaarlo dat sawat midden tusken de trije gruttere yn leit. Op 7 maaie 2004 waard it nije gemeentehûs yn Vries yn gebrûk naam. Oant dy tiid wiene de amtners wurksum op ferskate lokaasjes yn Paterswolde,[1] Vries en Súdlaren.

Iepenbier Ferfier bewurkje seksje

De steatsline C rint troch de gemeente, lykwols sûnder stasjon. Yn it ferline hat by it plak Tynaarlo in stasjon lein mei de namme Vries-Súdlaren. It busferfier wurdt fersoarge troch Qbuzz.

plakken bewurkje seksje

De gemeente Tynaarlo bestiet út 19 doarpen en fjouwer buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Vries, en it grutste doarp is Súdlaren.

Doarp Buorskip
Bunne Bruilweering
Bunnerveen Oosterbroek
De Groeve Schelfhorst
De Punt Zuideinde
Donderen
Eelde
Eelderwolde
Midlaren
Oudemolen
Paterswolde
Súdlaarderfean
Súdlaren
Taarlo
Tynaarlo
Vries
(gemeentehûs)
Winde
Yde
Zeegse
Zeijen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It gemeentehûs fan Eelde stie yn Paterswolde.
Drinte
 
Flagge fan de provinsje Drinte
Aa en Hunze - Assen (haadstêd) - Borger-Odoorn - Coevorden - De Wolden - Emmen - Hoogeveen - Meppel - Midden-Drinte - Noardenfjild - Tynaarlo - Westerfjild
wizigje