Unrepresented Nations and Peoples Organization
(UNPO)
Lânkaart: hjoeddeistige leden yn kleur; eardere leden yn dûnkergriis
Offisjele taal: Ingelsk
Haadkertier: De Haach (Nederlân)
Oprjochte: 11 febrewaris 1991
Tal leden: 40 (ledetal 1 jann. 2024)

De Unrepresented Nations and Peoples Organization (UNPO), yn it Frysk de Organisaasje fan Net-Fertsjintwurdige Naasjes en Folken, is in demokratyske organisaasje dy't wurket as in alternatyf ynternasjonaal foarum foar naasjes en folken dy't harsels net fertsjintwurdige achtsje troch ien as mear oare leden fan 'e Feriene Naasjes. Op it stuit (1 jannewaris 2024) binne der 40 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. In diel fan de âld-leden hat no de status fan erkend selsstannich lân, en is no lid fan 'e Feriene Naasjes. Oaren hawwe troch it ûnderhanneljen mear selsbestjoer krigen. De UNPO, dy't eins in non-gûvernemintele organisaasje is, waard oprjochte yn 1991. De fiertaal is Ingelsk. De UNPO hat syn sit yn De Haach, Nederlân.

Organisaasje bewurkje seksje

Foarskiednis en oprjochting bewurkje seksje

De skiednis fan 'e UNPO giet hielendal tebek nei 1960, doe't der al oerlis wie tusken foaroanlju fan 'e ûnderdrukte Oeigoerske minderheid yn Sina en fan it troch de Sinezen besette Tibet oer in mienskiplike ynternasjonale fertsjintwurdiging. De tiid wie dêr doe lykwols noch net ryp foar. Yn 'e jierren tachtich waard it idee nij libben ynblazen troch de yn Nederlân wenjende Tibetaanske Tsering Jampa, de Oeigoer Erkin Alptekin en de jurist Michael van Walt van Praag, dy't lange tiid de abbekaat fan 'e Dalai Lama wie. Der waarden kontakten lein mei oare groepen, en as sit waard De Haach útkeazen, mei't dêr ek it Ynternasjonaal Gerjochtshôf fêstige wie. De namme dy't foar de nije organisaasje betocht waard, de Unrepresented Nations and Peoples Organization (dy't mei syn earste beide letters ferwiist nei de Feriene Naasjes), wie "in boppeslach", sa't Onno Falkena sei, dy't der yn Frysk en Frij oer berjochte.

En sa waard op 11 febrewaris 1991 yn it Fredespaleis yn De Haach de UNPO oprjochte troch fyftjin leden: Armeenje; de Australyske Aboriginals; Estlân; Georgje; de Grykske minderheid yn Albaanje; de Koerden fan Irak; de Kordyljeraanske folken fan 'e Filipinen; de Krimtataren; Letlân; de Oeigoeren; Palau, Taiwan, Tatarstan, Tibet en West-Papoea. Dêrby wie der neffens Falkena ta fernuvering fan 'e Tibetaanske delegaasje frijwat strideraasje oer it prinsipe fan geweldleazens, dat de Dalai Lama al withoelang útdroech. Victor Kaseipo, de fertsjintwurdiger fan 'e Papoea-minderheid yn Yndoneezje, ferwurde it sa: "As der fleantugen mei bommen oerkomme, kin ik myn minsken net sizze dat se harren pylk en bôge dellizze moatte." Uteinlik waard der in kompromis sletten dat stelt dat elts folk it rjocht op selsferdigening hat, wylst tagelyk terrorisme skerp feroardiele waard. Sûnt syn oprjochting hat de UNPO him allegeduerigen ynset foar syn leden en foar frede en minskerjochten yn it algemien. Yn 1993 waard organisaasje nominearre foar de Nobelpriis foar de Frede.

Doelen bewurkje seksje

De fisy fan 'e UNPO is om demokrasy te bekrêftigjen as in fûneminteel ûnderdiel fan 'e minskerjochten, om boargerlike en politike rjochten fan befolkingsgroepen en minderheden oer de hiele wrâld te ymplemintearjen, om it universeel rjocht op selsbeskikking en selsbestjoer te ûnderstypjen en om federalisme út te dragen as alternatyf foar sintralistyske steatsstruktueren. De organisaasje moediget geweldleaze metoaden oan om freedsume oplossings te finen foar konflikten en ûnderdrukking. De UNPO stipet syn leden by it ôftwingen fan harren minskerjochten, respekt foar harren kultuer en it ekologysk behâld fan harren wengebieten. Dêrta fersoarget de UNPO foar de oanwiisde fertsjintwurdigers fan syn leden opliedings op it mêd fan ynternasjonale wetjouwing, ynternasjonale gearwurking, diplomasy en public relations. Boppedat biedt de organisaasje foar syn leden in foarum wêryn't se harren soargen op ynternasjonaal nivo oankaartsje kinne en dat teffens foar oerlis brûkt wurde kin mei lykstimde naasjes en folken, dy't gauris mei itselde soarte swierrichheden kampe.

De UNPO is wijd oan 'e fiif prinsipes dy't fêstlein binne yn it UNPO-konvenant:

  • it leauwe dat alle naasjes en folken inoars gelikensen binne en dêropta it ûnferfrjemdbere rjocht op selsbeskikking hawwe;
  • de oertsjûging dat men jin hâlde moat oan 'e ynternasjonaal akseptearre standert fan 'e minskerjochten, sa't dy fêstlein is yn 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske en oare ynternasjonale rjochtsuterings;
  • de oertsjûging dat men jin hâlde moat oan it prinsipe fan demokratysk pluralisme en it ôfwizen fan totalitarisme, diktatuer en relieuze yntolerânsje;
  • it útdragen fan geweldleazens en it ôfwizen fan terrorisme as in beliedsfoarm;
  • it respektearjen fan alle naasjes, folken en befolkingsgroepen, dêrby eksplisyt ynbegrepen alle minderheids- en mearderheidsbefolkingsgroepen dy't yn itselde wengebiet libje as in UNPO-lid, mar ta oare etnyske, religieuze of linguïstyske groepen hearre.

Alle UNPO-leden moatte dit konvenant ûndertekenje en neilibje. (Hjirby moat miskien opmurken wurde dat it selsbeskikkingsrjocht net automatysk it neistribjen fan in eigen ûnôfhinklike steat, of sels mar fan autonomy binnen in besteande steat ynhâldt. It ferwiist ienfâldichwei nei it rjocht fan alle folken en befolkingsgroepen om op demokratyske wize oer harren eigen politike status en harren ekonomyske, sosjale en kulturele ûntjouwing te beslissen. It útoefenjen fan dat rjocht kin in ferskaat oan útkomsten hawwe, útinoar rinnend fan folsleine ûnôfhinklikens oant folsleine yntegraasje yn in besteande steat.)

Ynfrastruktuer bewurkje seksje

Njonken syn sit yn De Haach hat de UNPO ek in kantoar yn Brussel en in fertsjintwurdiging yn Sjenêve, en kin it him ferlitte op in netwurk fan assosjearre organisaasjes oer de hiele wrâld. De ynkomsten fan 'e UNPO besteane út 'e kontribúsje fan 'e leden en de jeften fan yndividuën en stiftings. De UNPO hat fan it begjin ôf oan syn eigen parseburoke ûnderholden, wêrmei't de organisaasje syn betrouberens fêstige hat troch, gauris as earste, nijs út 'e earste hân oer ôfhandige plakken en gebieten te fersprieden. Dêrby is de ynformaasje frijwol sûnder útsûndering objektyf bleken.

Liederskip bewurkje seksje

 
De eardere flagge fan 'e UNPO.

Siktarissen-generaal bewurkje seksje

Foarsitters fan de Algemiene Gearkomste bewurkje seksje

Lidmaatskip bewurkje seksje

Algemien bewurkje seksje

De UNPO stiet iepen foar alle naasjes en folken dy't ûnder de folgjende omskriuwing (ôfkomstich fan 'e webside fan 'e UNPO) beflapt wurde kinne: in befolkingsgroep "dy't de wil hat om identifisearre te wurden as in naasje of folk, en dy't ferbûn wurdt troch in mienskiplik beërf dat histoarysk, rasiaal, etnysk, religieus of territoriaal wêzen kin. It kandidaat-lid kin ek in diel fan in folk wêze, besteande út in minderheid dy't op in part fan it foarâlderlik territoarium fan dat folk libbet, dat ynkorporearre is yn in oare steat as de steat dy't dat folk fertsjintwurdiget." Dêrby moat in organisaasje dy't in aspirant-lid fertsjintwurdigje wol, noch wol sjen litte dat er genôch oanhing ûnder de befolking hat dy't er represintearje wol.

 
It Fredespaleis yn De Haach, dêr't de UNPO op 11 febrewaris 1991 oprjochte waard.

Op it stuit (1 jannewaris 2024) hat de UNPO 40 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. Hoewol't UNPO-leden gauris ferskillende doelen hawwe, hawwe se ien ding mienskiplik: hja wurde op ynternasjonaal nivo (bygelyks troch de Feriene Naasjes of in soartgelikense organisaasje) net diplomatyk fertsjintwurdige (of inkeld mei in legere status, lykas Kosovo). Fan gefolgen is harren fermogen beheind om har soargen en swierrichheden foar it fuotljocht te bringen by mondiale organen dy't oanwiisd binne om de minskerjochten te beskermjen.

Guon leden wolle erkend wurde as ûnôfhinklike steaten. Yn it ferline is it de stiftsjende leden Armeenje, Estlân, Georgje en Letlân, dy't yn 1991 allegearre út 'e eardere Sovjet-Uny fuortkommen binne, slagge om dat doel te berikken. In oar stiftsjend lid, de eilannesteat Palau, yn 'e Stille Oseaan, dy't by de oprjochting fan 'e UNPO, yn 1991, noch in mandaatgebiet fan 'e Feriene Steaten foarme, en troch de strategyske belangen dy't de Amerikanen dêre yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch hiene fan ûnôfhinklikens wjerholden waard, koe him einlings yn oktober 1994 ta in selsstannige steat ûntjaan. En East-Timor, dat sûnt de ein fan it Portegeeske koloniaal bestjoer, yn 1975, ûnder in bloedige Yndonezyske besetting suchte, waard nei in referindum (holden yn 1999) yn 2002 ûnôfhinklik.

Oare âld-leden fan 'e UNPO hawwe troch ûnderhannelings in beskate foarm fan autonomy witten te berikken. Sa krige Atjeh yn 2006 selsbestjoer binnen it Yndonezyske steatsbestel as in "spesjale bestjoerlike regio" en sei it doe syn lidmaatskip fan 'e UNPO op (al die letter bliken dat de autonomy fral op papier bestiet, sadat Atjeh yn 2014 fannijs lid wurden is). Gagaûzje waard yn 1994 in autonome republyk binnen Moldaavje, in regeling dêr't de Gagaûzen sels earst noch harren twifels oer hiene, mar dy't nei ferrin fan hast fyftjin jier sa goed bliek te wurkjen dat se har lidmaatskip fan 'e UNPO opseine. En Bougainville, oftewol de Autonome Regio fan 'e Noardlike Solomoneilannen, sleat yn 2000 in fredesferdrach mei Papoea Nij-Guineä wêrby't selsbestjoer betongen waard, en boppedat dat der tusken 10 en 15 jier neitiid (tusken 2012 en 2017 dus) in referindum oer ûnôfhinklikens holden wurde sil.

Wer oare leden wisten har eigen doelen te ferwêzentlikjen. Sa koene de Nûhalk (of Bella Kûla), in Yndiaansk folk út 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, mei har lidmaatskip fan 'e UNPO de Kanadeeske autoriteiten op 't langelêst bewege om harren soargen oer de fersmoarging en ferneatiging fan harren wengebiet serieus te nimmen. In apart gefal wie de demokratyske opposysje fan Birma (lid fan 2008 oant 2010), dy't úthold dat de Birmeeske befolking troch de militêre diktatuer fan it lân net op ynternasjonaal mêd fertsjintwurdige waard. Nei't der einlings en te'n lêsten demokratyske herfoarmings yn Birma plakfûnen, skoarre de opposysje syn lidmaatskip fan 'e UNPO op.

Wat de rest fan 'e hjoeddeistige en histoaryske leden oanbelanget, binne (of wiene) der in stikmannich net-erkende (of net algemien erkende) mar feitlik ûnôfhinklike steaten dy't ynternasjonale erkenning hawwe wolle: Abgaazje, Kosovo, Somalilân en Taiwan. Dan binne der guon leden dy't ûnôfhinklik wurde wolle, lykas Súd-Kameroen, de Súd-Molukken en Tibet. Fierders guon etnyske minderheden dy't selsbestjoer (of mear selsbestjoer) hawwe wolle, lykas de Hongaren yn Roemeenje, de Rehobot-Basters fan Namybje en de Kordyljeranen op 'e Filipinen. En ek binne der in stik as wat lânseigen folken dy't stride foar it behâld fan harren kultuer en/of wengebiet, lykas de Ogony yn Nigearia, de Batwa yn Rûanda en de Djûmma-folken fan 'e Chittagong Hill Tracts yn Banglades. De Haratin fan Mauretaanje foarmje in apart en tige skrinend gefal: dat binne de neikommelingen fan swarte slaven dy't noch altiten yn in ferhoalen foarm fan slavernij libje (Mauretaanje wie ek it lêste lân op 'e wrâld dat offisjeel de slavernij ôfskafte, yn 1981).

Leden bewurkje seksje

namme fertsjintwurdigjende organisaasje befolkings-
grutte
       lân/lannen        lid sûnt opmerkings
  de Republyk Abgaazje it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan
de Republyk Abgaazje
243.000   Georgje 6 aug. 1991 in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 1992) yn 'e Kaukasus
  de Afrikaners fan Súd-Afrika it Vryheids Front Plus (VF+) 3.400.000   Súd-Afrika 15 maaie 2008 de ôfstammelingen fan 'e Nederlânske kolonisten
  de Arabyske minderheid yn Iraan de Democratic Solidarity Party of Ahwāz (DSPA) 5.000.000   Iraan 14 nov. 2003
  de Assyriërs de Assyrian Universal Alliance (AUA) 1.820.000   Irak
  Syrje
  Turkije
  diaspoara
6 aug. 1991 in kristlike minderheid yn it Midden-Easten
  de Republyk Atjee de Aceh-Sumatra National Liberation Front (ASNLF) 3.000.000   Yndoneezje 15 july 2014 rôp yn 1976 de ûnôfhinklikens út; earder lid fan 1991-2008,
doe fertsjintwurdige troch de Free Aceh Movement (GAM)
  it Keninkryk Barotselân de Barotse National Freedom Alliance (BNFA) 400.000   Sambia 23 nov. 2013 in tradisjoneel Afrikaansk keninkryk; foarhinne fertsjintwurdige
troch de Barotse National Council (BNC)
  de Batwa fan Rûanda de Communauté des Autochtones du Rwanda (CAURWA) 25.000   Rûanda 17 jann. 1993 de lânseigen pygmeeske befolking; fan 2019-2021 lidmaatskip opskoarre
  Biafra de Movement for the Actualization of the Sovereign State
of Biafra (MASSB) / Biafra Independence Movement (BIM)
33.000.000   Nigearia 31 july 2020 de foarstelde steat fan Ibo yn súdlik Nigearia
  Binnen-Mongoalje de Southern Mongolian Human Rights Information Center (SMHRIC) 4.000.000   Sina 2 feb. 2007 de Mongoalske minderheid yn Sina; foarhinne fertsjintwurdige
troch de Inner Mongolian People's Party (HB)
  Bretanje de Kelc'h An Dael (KAD) 4.475.000   Frankryk 8 juny 2015 in minderheidsgebiet yn Frankryk
  de Djûmma-folken fan de Chittagong
Hill Tracts
de United People's Party of the Chittagong Hill Tracts (JSS) 600.000   Banglades 6 aug. 1991 in stikmannich berchstammen yn súdeastlik Banglades
  East-Balûtsjistan de Balochistan National Party (BNP) 7.100.000   Pakistan 1 maart 2008 súdwestlike provinsje fan Pakistan
  it Distrikt Columbia de D.C. Statehood Congressional Delegation 660.000   Fer. Steaten 4 des. 2015 net fertsjintwurdige is yn it Amerikaanske Kongres
  de Easttoerkestaanske Republyk it World Uyghur Congress (WUC) 7.500.000   Sina 11 feb. 1991* de yn 2004 útroppen steat fan 'e Oeigoeren
  Gilgit-Baltistan de Gilgit Baltistan Democratic Alliance (GBDA) 1.800.000   Pakistan 20 sept. 2008 de berchfolken yn it Pakistaanske diel fan Kasjmier
  Gûam it regear fan Gûam 165.000   Fer. Steaten 31 july 2020 in ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten
  de Haratin fan Mauretaanje it Initiative de Résurgence du Mouvement Abolitionniste
en Mauritanie (IRA)
1.160.000   Mauretaanje 18 sept. 2011 de swarte slaven fan Mauretaanje
  de Hmong fan Laos it Congress of World Hmong People (CWHP) 2.300.000   Laos 2 feb. 2007 foarhinne fertsjintwurdige troch de Hmong ChaoFa Federated State (HCFS)
  Jorûba it Yoruba World Congress (YWC) 42.000.000   Benyn
  Nigearia
31 july 2020 it grutste folk fan súdlik Nigearia en súdlik Benyn
  Iraansk-Koerdistan de Democratic Party of Iranian Kurdistan (PDKI) /
Komala Party of Iranian Kurdistan (KPIK)
4.000.000   Iraan 2 feb. 2007 de Koerdyske minderheid fan Iraan
  Kabylje de Mouvement pour l'Autodétermination de la
Kabylie–Anavad (MAK-Anavad)
3.500.000   Algerije 6 juny 2017 in Berberske minderheid yn noarldik Algerije
  Kataloanje de Asemblea Nacional Catalana (ANC) 7.544.000   Spanje 14 desimber 2018 in autonome mienskip fan Spanje dy't nei ûnôfhinklikheid
stribbet
  de Kmer-minderheid yn Fjetnam de Khmer Kampuchea-Krom Federation (KKF) 700.000   Fjetnam 15 july 2001
  de Krimtataren de Milli Mejlis (it Krimtataarske parlemint) 806.000   de Oekraïne
  diaspoara
11 feb. 1991* de lânseigen befolking fan it skiereilân de Krim
  de Folksrepublyk Nagalân de National Socialist Council of Nagaland (NSCN) 3.100.000   Birma
  Yndia
19 jann. 1993 de eigen steat fan 'e Naga's, útroppen yn 1980
  de folken fan 'e Nigerdelta de Niger Delta Peoples' Movement (NDPM) 25.000.000   Nigearia 1 juny 2023 20 etnyske groepen yn 'e Nigerdelta
  de Ogony de Movement for the Survival of the Ogoni People (MOSOP) 500.000   Nigearia 19 jann. 1993 in minderheid yn 'e Nigerdelta
  de Oromo it Oromo Liberation Front (OLF) 30.000.000   Etioopje
  Kenia
19 des. 2004 de grutste minderheid yn 'e Hoarn fan Afrika
  de Rehobot-Basters de Kapteinsraad van die Rehoboth Basters 35.000   Namybje 2 feb. 2007 in Afrikaansktalige kleurlingeminderheid
  de Rivierfolken fan Sambeezje Movement for the Survival of the River Races of Zambesia 500.000   Botswana
  Namybje
  Simbabwe
31 july 2020 in groep lytse folken oan 'e iggen fan 'e Sambezy
  de Sind de World Sindhi Institute (WSI) 25.000.000   Pakistan
  Yndia
19 jann. 2002 súdeastlike provinsje fan Pakistan
  de Republyk Somalilân it regear fan 'e Republyk Somalilân 3.500.000   Somaalje 19 des. 2004 in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 1991) yn 'e Hoarn fan Afrika
  de Somalyske minderheid yn Etioopje it Ogaden National Liberation Front (ONLF) 4.400.000   Etioopje 6 febr. 2010
  Súd-Azerbeidzjan de Southern Azerbaijan National Awakening Movement (SANAM) 19.000.000   Iraan 2 febr. 2007 de Azerbeidzjaanske minderheid yn Iraan
  de Republyk fan de Súd-Molukken it regear yn ballingskip fan de Republyk fan
de Súd-Molukken (RMS)
1.100.000   Yndoneezje 6 aug. 1991 ûnôfhinklikens útroppen yn 1950;
lidmaatskip opskoarre 2015-2016
  Taiwan de Taiwan Foundation for Democracy (TFD) 23.000.000   Sina 11 febr. 1991* de Republyk Sina, ûntstien yn 1949
  de Steat Tibet it regear yn ballingskip fan Tibet (CTA) 4.700.000   Sina 11 febr. 1991* sûnt 1950 beset troch Sina
  West-Balûtsjistan de Balochistan People's Party (BPP) 3.800.000   Iraan 26 juny 2005 de Balûtsyske minderheid yn Iraan
  de Republyk West-Papoea it West Papua People's Front (WPPF)
de Free Papua Movement (OPM)
900.000   Yndoneezje 11 febr. 1991* West-Papoea (of Irian Jaya), dat yn 1971 de ûnôfhinklikens útrôp; lidmaatskip opskoarre 2008-2013, 2020-2021
  West-Togolân de Homeland Study Group Foundation (HSGF) 4.000.000   Gana 15 nov. 2017 it eardere Britsk-Togolân

*) = oprjochtsjend lid

Eardere leden bewurkje seksje

namme fertsjintwurdigjende organisaasje befolkings-
grutte
       lân/lannen        lidmaatskip opmerkings
  de Albaneeske minderheid yn Masedoanje de Party for Democratic Prosperity (PPD)
de Party for Democracy for Albanians in Macedonia (PPDSh)
620.000   Masedoanje 19942008
  de Ambazoanje de Ambazonia Governing Council (SCNC) 5.100.000   Kameroen 2004-2015
2018-2021
it Ingelsktalige diel fan Kameroen;
rôp yn 1999 de ûnôfhinklikens út;
fan 20042015 lid ûnder de namme
Federale Republyk fan Súd-Kameroen
en fertsjintwurdige troch de Southern Cameroons
National Council (SCNC)
  de Araukanen de Consejo Interregional Mapuche (CIM) 1.000.000   Sily
  Argentynje
19932016 in Yndiaansk folk yn Súd-Amearika
  de Republyk Armeenje it regear fan de Republyk Armeenje 3.400.000   de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út
  de Aboriginals fan Austraalje it National Committee to Defend Black Rights (NCDBR) 350.000   Austraalje 19912012* de lânseigen befolking fan Austraalje
  de Azteken fan de Opper-Balsasrivier de Consejo del Pueblo Náhua del Alto Balsas (CPNAB) 56.000   Meksiko 20042008 in Azteekske stamme yn sintraal súdlik Meksiko
  de Republyk Baskortostan it regear en parlemint fan de Republyk Baskortostan 1.500.000   Ruslân 19962008 in dielrepublyk fan Ruslân
  de Bella (of Ikelan) Association Malienne pour la Préservation de la Culture Bellah 400.000   Maly 20172023 in kaste yn 'e Tûarek-maatskippij dy't bestiet út slaven
  de Berbers it Congrès Mondial Amazigh (CMA) 30.000.000   Algerije
  Boerkina Faso
  Egypte
  Lybje
  Maly
  Marokko
  Mauretaanje
  Niger
  Spanje
  Tuneezje
  West-Sahara
  diaspoara
20152016 de lânseigen befolking fan Noard-Afrika
  de Uny fan Birma de National Council for the Union of Burma (NCUB)
de Sasana Moli International Burmese Monks Association (SM-IBMA)
31.000.000   Birma 20082010 de demokratyske opposysje fan Birma
  de Boerjaten fan Sibearje de All-Buryat Association for the Development of Culture (ABADC) 425.000   Ruslân 19962010 in boedistyske minderheid yn Sibearje
  de Bosnyske minderheid yn Servje
en Montenegro
de Muslim National Council of the Sanjak (MNCS) 355.000   Servje
  Montenegro
19932010 de "Bosnyske Moslims" bûten de Bosnyske grinzen
  Bougainville de Bougainville Interim Government (BIG) 170.000   Papoea Nij-Guineä 19912008 rôp yn 1990 de ûnôfhinklikens út as de Republyk Meekamui
  de Buffalo River Dené Naasje de Buffalo River Dene Nation Non-Governmental Organization (BRDN NGO) 1.000   Kanada 20042009 in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan
  de Republyk East-Timor it Frente Revolucionária de Timor-Leste Independente (FRETILIN) 650.000   Yndoneezje 19932002 beset sûnt 1975; waard ûnôfhinklik yn 2002
  de Republyk Estlân it regear fan de Republyk Estlân 1.500.000   de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út
  de Fenda fan Súd-Afrika it Dabalorivhuwa Patriotic Front (DPF) 700.000   Súd-Afrika 20032015 in Bantoefolk
  de Republyk Gagaûzje it regear fan 'e Republyk Gagaûzje 190.000   Moldaavje 19942007 in autonoom gebietsdiel fan Moldaavje
  de Republyk Georgje it regear fan de Republyk Georgje 5.100.000   de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn april 1991 de ûnôfhinklikens út
  de Grykske minderheid yn Albaanje de Democratic Union of the Greek Ethnic Minority in Albania (OMONIA) 175.000   Albaanje 19912012*
  Hawaï Ka Lāhui Hawai'i (KLH) 240.000   Fer. Steaten 19932012 de lânseigen Polynezyske befolking fan Hawai
  de Hongaarske minderheid yn Roemeenje de Democratic Alliance of Hungarians in Romania (RMDSz) 2.000.000   Roemeenje 19942015
  de Yndianen fan Latynsk-Amearika de Latin American Indigenous Peoples Project (LAIPP) 32.000.000 hiel Latynsk-Amearika 20192020 de lânseigen befolking fan Midden- en Súd-Amearika
  de Yngryske Finnen de Ingrian Association (IL) 87.000   Ruslân 19922009 de Finske minderheid yn Ruslân
  de Republyk Yngûsjeesje it regear fan 'e Republyk Yngûsjeesje 240.000   Ruslân 19942008 in dielrepublyk fan Ruslân
  Iraaksk-Koerdistan de Kurdish Democratic Party (KDP)
de Patriotic Union of Kurdistan (PUK)
4.000.000   Irak 19912015* de Koerdyske minderheid yn Irak
  de Republyk Kabinda it Frente de Libertação do Enclave de Cabinda (FLEC)
de Forças Armadas de Cabinda (FAC)
500.000   Angoala 19972011 de Angoleeske eksklave oan 'e Kongo;
rôp yn 1975 de ûnôfhinklikens út
  de Republyk Kalistan it regear yn ballingskip fan Kalistan 21.000.000   Yndia 19931995 de yn 1986 útroppen steat fan 'e Sikhs
  de Feriene Unôfhinklike Karenny-Steaten Karenni Independence Through Education (KITE)
de Karenni National Progressive Party (KNPP)
300.000   Birma 19932012 de yn 1948 útroppen steat fan 'e Karenny
  de Koemukken de Kumyk People's Movement "Tenglik" 300.000   Ruslân 19972008 in minderheid yn 'e Kaukasus
  de Komy it Komi National Revival Committee (KNRC) 342.000   Ruslân 19922009 in minderheid yn noardlik Ruslân
  de Kordyljeraanske folken fan noardlik Lûzon Cordillera Peoples' Alliance (CPA) 1.100.000   de Filipinen 19912015* in stikmannich berchstammen op it haadeilân
fan 'e Filipinen
  de Republyk Kosovo de Democratic League of Kosovo (LDK) 1.800.000   Servje 19912018 in de facto ûnôfhinklike steat (sûnt 2008) op 'e Balkan
  de Republyk Letlân it regear fan de Republyk Letlân 2.400.000   de Sovjet-Uny 19911992* rôp yn augustus 1991 de ûnôfhinklikens út
  Lezgistan de Federal Lezghin National and Cultural Autonomy (FLNCA) 670.000   Azerbeidzjan
  Ruslân
20122023 in minderheid yn 'e Kaukasus
  Madesj de Alliance for Independent Madhesh (AIM) 13.000.000      Nepal 20172023 de Terai-regio yn it suden fan Nepal
  de Mary de Mari National Movement (MU) 660.000   Ruslân 19912009 in minderheid yn sintraal Ruslân
  de Maohy fan Frânsk-Polyneezje Hiti Tau 135.000   Frankryk 19942007 de lânseigen befolking fan Frânsk-Polyneezje
  de Masai de Maasai Women for Education and Economic Development (MAWEED)
de Mainyoito Pastoralist Integrated Development Organisation (MPIDO)
de Kitengela Ilparakuo Land Owners Association (KILOA)
910.000   Kenia
  Tanzania
20042012 de lânseigen befolking fan 'e Serengetiflakte
  de Mon fan Birma de Mon Unity League (MUL) 4.100.000   Birma 19962012 in minderheid yn Birma en Tailân
  de Montanjerts fan Fjetnam de Montagnard Foundation, Inc. (MFI) 900.000   Fjetnam 20032016 de berchstammen of Montagnards fan Fjetnam
  de Moaro's fan Mindanao it Moro Islamic Liberation Front (MILF) 6.500.000   de Filipinen 20102015 de islamityske befolking fan 'e súdlike Filipinen
  de Nûhalk Naasje it langhûs fan de erfopperhaden en de rie fan de âldsten 1.100   Kanada 19982008 in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia
  de Oedmoerten de Udmurt Council (UK) 750.000   Ruslân 19932014 in minderheid yn sintraal Ruslân
  de Republyk Palau it regear fan 'e Republyk Palau 15.000   Fer. Steaten 19911994* in mandaatgebiet yn 'e Stille Oseaan ûnder
Amerikaansk bestjoer
  de Republyk Sacha it regear fan de Republyk Sacha 385.000   Ruslân 19932004 in dielrepublyk fan Ruslân
  Sansibar it Zanzibar Democratic Alternative (ZANA)
it Civic United Front (CUF)
815.000   Tanzania 19912015 in eilannegroep, ûnôfhinklik yn 1963-1964
  Savoaye it Provysjoneel Regear fan 'e Steat Savoaye 1.170.000   Frankryk 20142023 diel fan it histoaryske keninkryk Piëmont-Sardynje dat
yn 1860 troch Frankryk anneksearre waard
  de Sirkassiërs de International Circassian Association (ICA) 515.000   Ruslân
  diaspoara
19942015 lânseigen befolking fan 'e noardwestlike Kaukasus
  de Federearre Sjan-Steaten de Shan States Organization (SSO) 4.000.000   Birma 19972010 de yn 2005 útroppen steat fan 'e Sjan
  Skâne de Scanian Future Foundation (SSF) 1.400.000   Sweden 19932011 de net erkende Skânsktalige minderheid yn
súdlik Sweden
  de Grutte Sû Naasje de Great Sioux Nation 128.000   Fer. Steaten 19942007 in Yndiaansk folk op 'e Grutte Flakten fan 'e Feriene Steaten
  Subkarpatysk Roeteenje it provysjoneel regear fan Subkarpatysk Roeteenje 1.600.000   de Oekraïne
  Slowakije
  Poalen
  Hongarije
19942007 in net erkende Eastslavyske minderheid
  Súd-Araabje de Southern Democratic Assembly (SDA) 3.000.000   Jemen 20162017 it eardere Súd-Jemen
  de Sûlû-eilannen de Sulu Foundation of Nine Ethnic Tribes, Inc. (SUFONETI) 700.000   de Filipinen 20152023 9 lânseigen stammen op 'e eilannen yn 'e Sûlûsee
  Talystan de National Talysh Movement (NTM) 800.000   Azerbeidzjan
  Iraan
20052008,
20142020
in minderheid oan 'e kust fan 'e Kaspyske See
  de Republyk Tatarstan it regear fan de Republyk Tatarstan 6.700.000   Ruslân 19912008* in dielrepublyk fan Ruslân
  de Frije Stêd Triëst de Triest Foundation 206.000   Itaalje 20152018 de stêd Triëst, tusken 1947 en 1954 in frij gebiet ûnder
bestjoer fan de F.N.
  de Tsimsjian Naasje de Tsimshian Nation People of the Land and Hereditary Chiefs' Society 3.100   Kanada 20072011 in Yndianestam yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia
  Tsjamearje regear fan de Republyk Tsjamearje 150.000   Grikelân 20172020 it fan oarsprong troch etnyske Albanezen bewenne
diel fan noardwestlik Grikelân
  de Tsjetsjeenske Republyk Ytsjkearje it regear fan de Tsjetsjeenske Republyk Ytskearje 1.200.000   Ruslân 19912010 it yn 1991 ta ûnôfhinklike steat útroppen Tsjetsjeenje
  de Tsjin fan Birma it Chin National Front (CNF) 1.500.000   Birma 20012017 in minderheid yn Birma en Yndia
  de Tsjûwasjen it Chuvash National Congress (CNC) 1.800.000   Ruslân 19932008 in minderheid yn sintraal Ruslân
  de Turkmeenske minderheid yn Irak de Iraqi National Turkoman Party (INTP) 950.000   Irak 19912018
  de Republyk Tûva it regear fan 'e Republyk Tûva 210.000   Ruslân 19962012 in dielrepublyk fan Ruslân

*) = oprjochtsjend lid

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Falkena, Onno P., Alternative Feriene Naasjes op Tibetaansk Inisjatyf, yn: Frysk en Frij, 1991, nû 8 (21 febr.).

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.