Udine (Friulaansk: Udin, Sloveensk: Videm, Dútsk: Weiden) is de haadstêd fan 'e provinsje Udine en leit yn 'e autonome regio Friûly-Julysk Feneesje yn Itaalje. De stêd leit op 'e taalgrins tusken oan 'e iene kant Friûlanen en Italjanen en oan 'e oare kant Slovenen.

Udine
Piazza Liberta
Piazza Liberta
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
regio Friuli-Venezia Giulia
provinsje Udine
Sifers
Ynwennertal 98.430 (31-12-2023)
Oerflak 57,17 km²
Befolkingsticht. 1.721,71 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 46° 3' N 13° 13' E
Kaart fan Udine.
Kaart fan Udine.
Offisjele webside
www.comune.udine.it
Kaart
Udine (Itaalje)
Udine

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1230 ferhûze de sit fan 'e patriarch fan Aquileia nei Udine, dêr't harren yn 'e 16e iuw fernijde residinsje noch altiten stiet. Sûnt 1420 makke Udine diel út fan Feneesje.

Udine hat in pear moaie foarbylden fan arsjitektuer út de lette renêssânse, dy't troch Andrea Palladio boud binne. Oan it sintrale plein Piazza della Libertà stiet it gemeentehûs Loggia di Lionello út healwei de 15e iuw. It plein is ynspirearre troch it San Marco-plein yn Feneesje.

Der steane meardere âlde tsjerken yn 'e stêd; yn 'e Santa Maria della Purita binne 18e iuwske fresko's fan Giovanni Battista Tiepolo, de learmaster fan Anton Čebej.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Katedraal fan Udine.
  • Torre dell'orologio (mei liuw fan foar de ierdskodding fan 1511).
  • Banca d'Italia, njonken de Universiteit, yn âld paleis boud troc Palladio.
  • Stadio Friuli, it stastium fan fuotbalclub Udinese

Ofbylden bewurkje seksje

Sport bewurkje seksje

Udinese is de professionele fuotbalklup fan Udine en spilet yn it Stadio Friuli. Udinese is gauris aktyf op it heechste Italjaanske nivo de Serie A.

Udine wie spylstêd by it WK fuotbal fan 1990 en de wedstriden waarden yn it Stadio Friuli spile.

Stêdebannen bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: