Ulaan

(Trochferwiisd fan Ulan)

Ulan is de namme foar in type fan Poalske soldaat fan de lichte kavalery, wapene mei lâns, sabel en pistoal. De reputaasje fan dizze soart Poalske troepen feroarsake, dat yn it begjin fan it 19e iuw in grut part fan de Europeeske legers lyksoartige militêre ienheden kreëarre. Yn 'e measte Europeeske legers, krigen dat soarte fan ienheden de namme fan lansiers. Yn de Russyske, Eastenrykske, en Dútske legers, hawwe de ienheden fan de Poalske lansiers de orizjinele namme fan Ulans hâlden.

Poalske ulans.