In ûneskûtel is in gerjocht dat yn in ûne tamakke wurdt.

Resept bewurkje seksje

De basissaus is Bechamelsaus: 40 gram bûter waarm meitsje en útbrûze litte (mei net brún wurde).
Dan 50 gr. moal der by dwaan, goed minge en ôfkuolje litte.
Undertusken 0,75 l. molke hyt meitsje.
De hite molke by it bûter/moal mingsel jitte, goed trochriere en in setsje goed trochsiede litte. Sâlt tafoegje en nei eigen ynsjoch oare smaakstoffen sa as:

De saus is binnen tsien minuten klear, noch flugger as it opwaarmjen fan in potsje. Jirpels yn plakjes snije (foar wa't hastich is, de skyfkes krekt even siede litte) en as dakpannen yn in ûneskûtel lizze. De saus der oer jitte en op 170 gr. in heal oere yn 'e ûne bakke.

Fariaasje bewurkje seksje

Foar in folslein miel: De ierpels fyn snije en minge mei shoarmafleis, dan de saus der oer en yn 'e ûne.