Vasil Christov Radoslavov (Bulgaarsk: Васил Радославов) (Lovetsj, 11 maart 1854 - Berlyn, 21 oktober 1929), wie in Bulgaarsk politikus.

Vasil Radoslavov

Oplieding en karriêre bewurkje seksje

Vasil Radoslavov studearre rjochten yn Heidelberch en rekke ûnder de yndruk fan de Dútske kultuer. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Liberale Partij (LP) yn 1879. Op 29 juny 1884 waard hy minister fan Justysje ûnder Petko Karavelov (oant 9 augustus 1886).

Earste kear premier bewurkje seksje

Op 16 augustus 1886 foarme hy syn earste kabinet. Fan 18 novimber 1886 ôf wie hy ek minister fan justysje. Noch gjin jier letter op 28 juny 1887 foel syn kabinet. Hy wie mar ien jier premier mar syn kabinet stie bekend om syn grutte korrupsje. Yn 1887 foel de Liberale Partij útien. Radoslavov kaam oan it haad te stean fan de Nije Liberale Partij (LPR). Se waarden ek wol Radoslavovisten neamd. De LPR stribbe nei ûnôfhinklikheid fan de Osmaanske sultan.

Fan 19 maaie 1894 oant 9 desimber 1894 wie Radoslavov noch in kear minister fan justysje. No ûnder Stoilov en fan 18 jannewaris 1899 oant 27 novimber 1900 minister fan Binnenlânske Saken ûnder Dimitur Grekov en Todor Ivantsjov. Dizze lêste premier wie in oanhinger fan Radoslavov.

Twadde kear premier bewurkje seksje

Syn opfettingen dat er tsjin de Russen wie en foar de Dútsers waard troch kening Ferdinand I fan Bulgarije opmurken. En op 17 july 1913 waard Radoslavov ta premier beneamd troch de kening. Hy waard net allinnich premier mar ek minister fan binnenlânske saken en bûtenlânske saken. Der wienen doe mar acht ministearjes, dus dominearre Radoslavov it kabinet folslein.

Fan it begjin fan syn oantreden ôf folge Radoslavov in anty-Russyske polityk. De kening en Radslavov seagen it as haaddoel om it lân wat ferlern gien wie yn de Twadde Balkankriich werom te krijen. Yn de wiken fan july 1914 socht Bulgarije kontakten mei Dútslân. Keizer Wilhelm II en Ferdinand wienen neven, mar de keizer fertroude syn neef net hielendal. Radoslavov soarge foar in grutte liening fan Dútslân en Eastenryk-Hongarije, mar stelde de Bulgaarske dielname oan de striid (de Earste Wrâldkriich) noch in tiidsje út. Mar op 6 septimber sluet Bulgarije in geheim akkoard mei de Dútsers. Fiif wiken letter wie Bulgarije in lân yn oarloch.

Fal fan Radoslavov bewurkje seksje

It Bulgaarske leger slagge der yn koarte tiid yn om Masedoanje te oermasterjen. Mar dêrnei kaam it front stil te lizzen. De Bulgaarske soldaten en boargers waarden wurch fan de oarloch en yn 1918 wie in anty-oarlochs demonstraasje. It Ferdrach fan Brest-Litovsk belette Bulgarije fan fierdere oarloch mei Ruslân. De Frede fan Boekarest op 7 maaie 1918 brocht mar in lytse lânwinst op. Allinnich súdlik Dobroedzje waard tafoege oan Bulgarije. De kening ûntsloech dêrop op 21 juny Radoslavov en de liberaal Aleksandu Malinov waard de nije premier. Op 29 septimber kaam der in wapenstilstân. Kening Ferdinans die oan abdikaasje en gie nei Dútslân ta. Radoslavov dy’t benaud wie dat er oppakt wurde soe, flechte as Dutske offisier ek nei Dútslân.

Yn 1922 waard Radoslavov ta de dea feroardield, yn 1929 krige hy amnesty. Hy ferstoar datselde jier op 11 oktober 1929 yn Berlyn.