De Victor (De Fiktor) is in poldermûne besuden Wânswert yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Victor (mole)
mûne / mole
De Fiktor yn 2022
De Fiktor yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Wânswert
adres Skettersdyk
koördinaten 53° 19' N 5° 46' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen Wânswerter polder
flecht 19,60 meter
boujier 1867
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15644
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Victor (Fryslân)
Victor

Skiednis bewurkje seksje

 
Restauraasje

De Fiktor waard yn 1867 boud foar it bemeallen fan de polder 'Ald Piip', as ferfanging fan seis poldermûntsjes en trije tsjaskers. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid. Yn 1975 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him twa jier letter restaurearje liet. Dêrby waard de selsswichting fan de mûne weihelle.

De Fiktor is yn 2012 wer hielendal restaurearre omdat de fûneminten fersakke wienen. Der is allegearre nij reid op 'e romp en de kape komd. De Lister motor is doe ek wer makke. De mûne bemealt de Wânswerter polder en wurdt ek brûkt as lesmûne foar it Gild Fryske Mounders. De Fiktor waard boppedat yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Beskriuwing fan de mûne bewurkje seksje

Konstruksje bewurkje seksje

De Victor is in achtkante mûne mei in mitsele ûnderkant. De romp en de kap binne bedutsen mei reid. It kruiwurk bestiet út sechstsjin metalen rollen fest op de kruiring. It kruiwurk wurket troch in lier. De as is fan getten izer en is makke yn 1911 troch H.J. Koning, Foxham. De roeden binne Buurmaroeden nûmers 71 en 72 mei in flecht fan 19.60 meter. Der is in Flaamske fang mei in fangstôk en hinget yn in tomme.

De Fiktor hat in opmerklik kruierij: de kape fan de mûne stiet op sechstjin izeren rôlen. It neidiel fan dizze konstruksje is, dat it gewicht fan de mûne dêrtroch permanint op de tappen fan dy rôlen rêstet en net op de massa derfan. Om dy reden wurdt dit type kruiwurk dan ek net faak brûkt.

Ynrjochting bewurkje seksje

Der binne twa souders. Op de boppeste souder is in asrêd mei 55 kammen en it bonkelrêd mei 28 kammen. Under is it spilrêd mei 42 kammen en it skroefrêd mei 39 kammen. De skroef is fan hout en sit yn in betonnen bak. De oerbringing fan de roeden op de fizel is 1: 2,12. De fizel smiet 894 liter wetter út by eltse draaiïng fan it roedekrús. Yn de mûne stiet ek noch in diselmotor, merk Lister, in twa silinder mei in fermogen fan 22 hynstekrêften. Op it mûnehiem is in mûnehokje mei skoarstien.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: