Victoria Smurfit (1974) is in Ierske aktrise. Smurfit is bekend troch har rol as Orla O'Connell yn de BBC telefyzjerige Ballykissangel. Sûnt 2003 hat sy de liedende rol fan Kate Buffery in de plysjerige Trial and Retribution as DCI Roisin Connor oernaam. Yn 2022 hie hja in haadrol yn seizoen 2 fan Bloodlands.

Victoria Smurfit yn 2016

Smurfit har famylje is ien fan de meast begoedige fan Ierlân. Sy waard grutbrocht oan de Anglikaanske skoallen, St Columba’s College yn Dublin en de St. George's Skoalle, Ascot, Ingelân. Fierders studearre hja oan in toanielskoalle yn Londen.

Victoria Smurfit is troud mei reklameman Douglas Baxter op 29 july 2000, sy hawwe twa dochters en in soan.

Karút aktearwurk bewurkje seksje

  • 1997: Ivanhoe - Rowena
  • 1998: Berkeley Square - Hannah Randall
  • Ballykissangel - Orla O'Connell (2 searjes, 1998 – 1999)
  • The Wedding Tackle - Clodagh (2000)
  • The Beach - waarfamke
  • Cold Feet - Jane Fitzpatrick
  • About a Boy - Suzie (2002)
  • Bulletproof Monk - Nina (2003)
  • Trial and Retribution - Detective Chief Inspector Roisin Connor (fan 2003 ôf)
  • 2006: Rosamunde Pilcher – yn The Shell Seekers, telefyzjefilm
  • 2009: The Clinic (tf-rige, 5 ôfleverings)
  • 2010: Marple: The Mirror Crack'd from Side to Side (tf-film)
  • 2011: Honeymoon for One (tf-film)
  • 2012: Missing (tf-rige, 1 ôflevering)
  • Dracula (tf-searje; 2013) - Lady Jayne Wetherby
  • Once Upon a Time (tf-searje; 2014-) - Cruella De Vil
  • Marcella (tf-rige; 2016-) - Miss Whitman
  • 2021: Around the World in 80 Days (tf-searje; 2021) - Lady Clemency Rowbotham

Keppeling om utens bewurkje seksje