Vladimir Guerrier

Vladimir Ivanovich Guerrier (Russysk: Владимир Иванович Герье, sekuere transliteraasje: Vladimir Ivanovič Gjer'je; Moskou, 17 maaie 1837 – dêre, 30 juny 1919) wie in Russysk histoarikus, heechlearaar skiednis oan de Steatsuniversiteit Moskou fan 1868 oant 1904. As stichter fan de "Guerrier kursussen" wie er de wichtichste inisjatyfnimmer fan it heger ûnderwiis foar froulju yn Ruslân.

V. I. Guerrier yn 1915

Guerrier wie teffens lid fan de doema fan de stêd Moskou, de Steatsried fan it Russyske Ryk en de Oktobristenpartij.

Guerrier's namme wurdt somtiids ek wol Ger'e yn it Latynske alfabet, mar sels hie er leaver Guerrier. As er wurk yn it Dútsk publisearre brûkte er de namme W. I. Guerrier.^

Libben bewurkje seksje

Guerrier wie in neisiet fan ymmigranten út Hamburg. In omke fan him, mûnebouwer Jean François Guerrier, kaam yn de tiid fan Katarina de Grutte yn Ruslân oan.[1] As lyts bern ferlear Guerrier beide âlden en hy waard lutersk opbrocht troch sibben.
Yn 1854 waard er ynskreaun oan histoarysk-filologyske fakulteit fan de Steatsuniversiteit fan Moskou; hu studearre dêr by Timofej Granovsky.[2] Nei syn stúdzje bleau er oan de universiteit om him ta te rieden op it heechlearaarskip, en tagelyk waard er learaar literatuer en skiednis by it Kadetkorps fan Moskou. Yn 1862 promovearre er op de tese: 'De striid om de Poalske troan yn 1733', dêrnei gie er nei it bûtenlân en hâlde er trije jier ta yn Dútslân, Italië en Parys. Yn 1865 waard er beneamd as professor Algemiene Skiednis oan de Universiteit fan Moskou.[3] Guerrier wie syn hiele libben befreone mei de filosoof Vladimir Solovjov.[4]

As sterk foarstanner fan de ûnôfhinklikens fan universiteiten,[2] wie Guerrier, mei in soad fan syn kollega's, tsjin de ynfiering fan it Dútske universitêre ûnderwiissysteem yn Ruslân. Yn 1879 hefte Greve Dmitry Tolstoj it dissiplinêre hof fan professors op, mar it universiteitsstatút fan 1884 foldie min en waard wer ynlutsen.[5][6]

Guerrier skreau yn it Russysk, Dútsk en Frânsk. Syn stúdzje oer Mably en Jakobinisme ferskynde 1886 yn it Frânsk en waard publisearre yn Parys,[7] wylst in grutte stúdzje oer Leibniz yn it Dútsk ferskynde.[8] Guon kritikussen woene hawwe dar er him op de Frânske Revolúsje rjochte "om tsjinstanners fan de Russyske monargy te stigmatisearjen".[9]

Guerrier stoar yn 1919 en is begroeven yn Moskou op begraafplak Pyatnitskaya.

Hegere leergongen foar froulju bewurkje seksje

 
De Twadde Steatsuniversiteit fan Moskou

Yn 1872 stichte Guerrier mei tastimming fan greve Dmitri Tolstoj, de minister fan ûnderwiis, de Hegere Leargongen foar Froulju (vysshie zhenskie kursy, of "Kursussen fan Guerrier") yn Moskou, dêr't er oant 1905 ek haad fan wie.[10][11][12] Dy leargongen ûntstie letter de Twadde Steatsuniversiteit fan Moskou út.

It gie Guerrier yn it foarste plak om froulju op te lieden foar konversaasje, goede memmen en skoaljuffers.[13] Syn hâlding foar de froulju oer wie frijwat paternalistysk, ek noch lang nei't bliken dien hie dat hja kursussen op universiteitsnivo oan koenen. Mar hy naam it wol foar harren op doe't Tolstoj yn it earstoan wegere om de ôfstudearre froulju ûnderwiisfoech te jaan.[14]

Op in stuit ûntstie der skeel oer Guerrier ûnder de kursistki, sa't de studintes neamd waarden. De direkteur fan de Hegere Leargongen waard derfan beskuldige dat er froulje "as in Oriïntaalsk despoat" behannele. Dy oanklacht feroarsake in skieding tusken de frouljusstudinten, de saneamde groep 'politikussen' en de 'akademisy'.[15][16]

Publikaasjes (karút) bewurkje seksje

  • 'Essay oer de ûntjouwing fan histoaryske wittenskip' (1866)
  • St Willigis, Officium et miracula Sancti Willigisi, ed. V. I. Guerrier (J. Deubner, 1869)
  • Leibniz in seinen Beziehungen zu Russland und Peter dem Grossen (St Petersburch, 1873)
  • Die Kronprinzessin Charlotte von Rußland: Schwiegertochter Peters des Großen nach ihren noch ungedruckten Briefen 1707-1715 (Bonn, 1875)
  • L'Abbé de Mably moraliste et politique: Étude sur la doctrine morale du Jacobinisme puritain et sur le développement de l'esprit républicain au XVIIIe siècle (Parys, 1886)
  • «Понятие о власти и народе в наказах 1789 г.» ('It konsept fan regear en folk yn it Mandaat yn 1789') (1884)
  • «Идея народовластия накануне революции 1789 г.» ('It idee demokrasy foar de revolúsje fan 1789')
  • «Зодчие и подвижники Божьего царства» ('Arsjitekten en tawijden fan God's keninkryk')
  • «Блаженный Августин» ('Sint Augustinus')
  • «Апостол нищеты и любви Франциск из Ассизи» ('Apostel fan earmoed en leafde, Fransiskus fan Assisi')
  • «Французская Революция в освещении Тэна» ('De Frânske Revolúsje yn it ljocht fan Taine')
  • «Первая Государственная дума» ('De earste Steatsdûma')
  • «Вторая Государственная дума» ('De twadde steatsdûma') (Moscow, 1907)
  • «Второе раскрепощение — закон 9 ноября 1906 г» ('De twadde befrijing - de wet fan 9 Novimber 1906')
  • «Значение третьей Думы в Истории России» ('It belang fan de tredde dûma yn de skiednis fan Ruslân') (1912)
  • «Речь об Александре и Наполеоне в 1812 г» ('Tusken Aleksander en Napoleon yn 1812')

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Georges Dulac, S. Karp, & Roland Mortier, Les Archives de l'Est et la France des Lumières: Guide des archives (2007), sd. 169-170
  2. 2,0 2,1 M. M. Novikov, Dvukhsotletie Moskovskogo Universiteta: prazdnovanie v Amerike (1956), p. 101
  3. V. I. Gurko, Features and figures of the past: government and opinion in the reign of Nicholas II (Stanford University Press, 1939), pp. 381 & 663
  4. P. W. Schrooyen, Vladimir Solov'ëv in the rising public sphere (2006)
  5. V. I. Guerrier, 'Nauka i gosudarstvo' in Vestnik Evropy, oktober 1876
  6. Ben Eklof, John Bushnell, & Larisa Georgievna Zakharova, Russia's great reforms, 1855-1881 p. 258 online at books.google.co.uk
  7. L'Abbé de Mably
  8. W. Guerrier, Leibniz in seinen Beziehungen zu Russland und Peter dem Grossen (St Petersburch, 1873)
  9. Dmitry Shlapentokh, Forgotten predecessors: the Russian Conservative Historians of the French Revolution yn International Journal of Politics, Culture and Society dl. 9, nû. 1 (1995), op jstor.org
  10. Alexander Vucinich, Science in Russian culture (1963), s. 53: "Encouraged by this development, Professor V I Guerrier of Moscow University obtained permission to institute a program known as the Higher Courses for Women."
  11. Richard Stites, The women's liberation movement in Russia (1978), s. 81 online at books.google.co.uk
  12. Nicholas Valentine Riasanovsky, A History of Russia (Oxford University Press, 1993), s. 438
  13. Stites, op. cit., p. 171 online
  14. Christine Johanson, Women's struggle for higher education in Russia, 1855-1900 (1987), pp. 48-49 online at books.google.co.uk
  15. The Russian Review, Volumes 10-11 (1951), p. 227
  16. Lewis Samuel Feuer, The conflict of generations: the character and significance of student movements (1969), p. 142