Vladimir Jevgrafovitsj Tatlin (Russysk: Владимир Евграфович Татлин) (Charkov, 28 desimber 1885 (âlde styl: 16 desimber) – Moskou, 31 maaie 1953) wie in Russysk keunstner. Kasimir Malewitsj en hy wiene de twa wichtichste persoanen yn de Russyske avant-gardebeweging fan de jierren 1920, doe't de Bolsjewisten noch in beskate frijheid tastiene.

Vladimir Tatlin
De toer fan Tatlin, op de 3e ynternasjonale, 1919

Tatlin waard berne yn de Oekraynske stêd Charkov as soan fan in yngenieur by it spoar en in dichteresse. Hy begûn syn keunstnerskarriêre as ikoaneskilder yn Moskou, dêr't er ek de skoalle foar skilderkeunst, byldhoukeunst en arsjitektuer folge. Hy wie ek beropsmuzikant, en joech in optreden op de Wrâldútstalling yn Parys yn 1906.

De toer bewurkje seksje

Tatlin waard ferneamd troch syn ûntwerp fan it Monumint foar de Tredde Ynternasjonale, ek wol bekend as de Tatlintoer. It ûntwerp út 1920 bestie út in toer fan izer, glês en metaal en moast in tredde part grutter wurde as de Eiffeltoer. It gebou lit de dynamyk fan de technologyske utopy sjen sa't de kommunisten him foar eagen hienen. It is in dûbele heliks, lykas by it DNA-molekúl, mei trije ûnderskiedende dielen. Dizze blokken, beklaaid mei glêsruten, moasten mei ferskillende faasje draaie. It ûnderste ien kear it jier, it middelste part ienris de moanne en de boppeste moast ien kear deis in rûntsje meitsje. Yn de toer soene ûnder oaren de kantoaren fan de kommunistyske partij komme moatte. It plan wie lykwols tige ûnpraktysk en djoer en waard nea útfierd.

 
Monumint foar de Tredde Ynternasjonale op postsegel

Konstruktivist bewurkje seksje

Tatlin stie mei syn 'hoekereliëfs' oan de widze fan it konstruktivisme. Syn 'hoekereliëfs' wiene bousels fan ûnder mear hout en stiel dy't ophongen waarden yn de hoeke tusken twa muorren. Hy woe sa de tradisjonele opfetting oer keunst yn besprek jaan. Oare, lettere foaroansteande konstruktivisten wiene û.o. Manuel Rendón Seminario, Joaquín Torres García, Laszlo Moholy-Nagy, Antoine Pevsner en Naum Gabo.

Tatlin en Malewitsj wiene freonen, mar rekken dochs ferdield oer wêr't it hinne moast mei it Konstruktivisme. Wylst Tatlin fierder gie mei konstruktivistyske ûntwerpen ûntwikkele Malewitsj yn Vitebsk it suprematisme.

Tatlin lei him ek ta op it bestudearjen fan klean en oare foarwerpen. Op de ein fan syn libben sette er noch út ein mei ûndersyk nei it fleanen fan fûgels; syn bedoeling wie om fleanreau te ûntwerpen sadat minske op eigen krêft fleane koene.

Tatlin waard begroeven op it Novodevitsji-begraafplak yn Moskou.

Keppeling om utens bewurkje seksje