Woerstfrysk

(Trochferwiisd fan Wûrstfrysk)

It Woerstfrysk wie in opmerklik Frysk dialekt dat sprutsen waard yn it Lân Woersten, noardlik fan Bremerhaven. It hearde, tegearre mei it Harlingerfrysk, it Wangereagersk en it noch libjende Sealterfrysk, ta it Eastfrysk.

Skiednis bewurkje seksje

It Lân Woersten hearde net ta it Fryske kolonisaasjegebiet, mar yn de iere midsiuwen (sa likernôch achtste iuw) fêstigen de Friezen har dêr. Sa oan 'e ein fan de fyftjinde iuw begûn it Frysk yn East-Fryslân yn grutte dielen stadichwei út te stjerren, mar yn it Lân Woersten koe it him noch lang hanthavenje. Oan 'e ein fan de santjinde iuw ferskynden der twa Woerstfryske wurdlisten. It Woerstfrysk is nei alle gedachten yn de earste helte achttjinde iuw útdôve.

Skaaimerken bewurkje seksje

It Woerstfrysk wie in folslein eigen taal: yn in protte wurden ferdwûn it stamlûd en bleau de net-beklamme fokaal oer (sterker noch: hy waakste faak út ta in lang lûd), wylst it yn hast alle oare Germaanske dialekten krekt oarsom is. Sa waard it Aldfryske sunu "soan" ta snuh, en sumur "simmer" ta smuhr.[1] It ienige Germaanske dialekt dêr 't wat soartgelyks yn bard is, is 't Yola, it lykwols útstoarne Ingelske dialekt fan Súdeast-Ierlân. Dêryn ferskode de klamtoan fan de stamfokaal wei, mar sels dêr wie it noch net sa dat it stamlûd weifoel.

Der is ien folsleine sin yn it Woerstfrysk oerlevere: Kma wit hart ick will di wit tell („Kom hjir, ik wol dy wat fertelle“).

Woerster substraat bewurkje seksje

Yn it Platdútsk dialekt fan it Lân Woersten binne hjoed de dei noch in pear Fryske substraatwurden oerlevere. Nils Århammar neamde yn 1984 de foarbylden „Maon“ (hân en spantsjinsten), „Bau(d)n“ (rem), „Schuur/Schuulschotten“ (libelle) en „jill'n“ (raze/skreauwe). Fan de fonologyske eigenheden fan it Woerstfrysk is lykwols neat bewarre bleaun.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Versloot, Arjen (2002): Grundzüge älterer ostfriesischer Sprache und Literatur. Yn: Munske, Horst H. e.o.: Handbuch des Friesischen. Tübingen: Niemeyer. Side 743.
  2. Allers, K. & Århammar, N: Wurster Plattdeutsch. Yn: Jahrbuch der Männer vom Morgenstern 63 (1984). Siden 43–68.