Walking in the Air

Walking in the Air is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Howard Blake en Peter Auty yn 1982 foar de krystfilm The Snowman fan Dianne Jackson út 1982 basearre op it boek The Snowman fan skriuwer Raymond Briggs út 1978.

Walking in the Air
algemiene ynformaasje
B-kant Dance of the Snowmen
artyst Howard Blake
taal Ingelsk
sjenre Krystmuzyk
útbrocht 1982
doer 3:30
label CBS
skriuwer Howard Blake
produsint Howard Blake

Oer it nûmer bewurkje seksje

It ferhaal fertelt oer aventoeren fan in jonge jonge en in sniepop dy't ta libben kaam is. Yn it twadde part fan it ferhaal fleane de jonge en de sniepop nei de Noardpoal. " Walking in the Air " is it temaliet fan de reis. Se wenje in feest fan sniemannen by, wêrby't de jonge de iennige minske liket te wêzen oant se de Krystman moetsje mei syn rindieren, en de jonge in sjaal krijt mei in sniepoppatroan.

Nightwish cover bewurkje seksje

Walking in the Air
algemiene ynformaasje
B-kant Nightquest
artyst Nightwish
album Oceanborn
taal Ingelsk
sjenre Metalballad
útbrocht 31 jannewaris 1999
opnommen Caverock en Finnvox studios,
augustus - oktober 1998
doer 3:41
label Spinefarm
skriuwer Howard Blake
produsint Tero Kinnunen

Walking in the Air is in nûmer dat opnaam is troch Nightwish yn 1998 en útbrocht op it album Oceanborn fan Nightwish út 1998. Walking in the Air wie it tsiende nûmer op it album en waard op 31 jannewaris 1999 útbrocht as twadde single fan it album.

Muzikanten bewurkje seksje

Fleane yn'e Loft bewurkje seksje

Fleane yn'e Loft
algemiene ynformaasje
artyst Carla de Bruine
taal Frysk
sjenre Metalballad
útbrocht 28 oktober 2021
skriuwer Howard Blake
produsint Nico Outhuyse
fideoclip
Howard Blake Cover - Grutte Pierproject ft. Carla DeBruine- Fleane yn 'e Loft (2021)
resultaten
hitlisten   Fryske top 100 - 58 (2021)

Fleane yn'e Loft is in bewurking fan Walking in the air ôflaat fan de Nightwish ferzje, foar it Grutte Pier Projekt nei Fleane yn'e Loft en waard ynsongen troch Carla de Bruine.

Fleane yn 'e Loft giet oer de freonskip en leafde tusken minsken, jong en âld mei in selde gefoel foar frijheid en ûnôfhinklikheid.[1]

Muzikanten bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: