Warren Clarke (Oldham, 26 april 1947Beaconsfield, 12 novimber 2014)[1] wie in Britsk akteur en regisseur. Hy ferskynde yn in protte films nei in wichtige as Dim yn A Clockwork Orange fan Stanley Kunbrik. Hy hie in haadrol yn de telefyzjerige Dalziel and Pascoe.

Warren Clarke
akteur
Warren Clarke yn A Clockwork Orange, 1971
Warren Clarke yn A Clockwork Orange, 1971
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alan James Clarke
nasjonaliteit Britsk
berne 26 april 1947
stoarn 12 novimber 2014 (67 jier)
jierren aktyf 1964–2014
offisjele webside
IMDb-profyl

Libben en wurk bewurkje seksje

Hy waard berne yn Oldham, Lancashire, as soan fan in glês-yn-leadmakker en in sekretaresse. Hy gie fan de middelbere skoalle yn Manchester ôf doe't er 15 wie en waard dêrnei kopijjonge by de Manchester Evening News. Letter lei er him ta op amateurtoaniel en trede er op yn de Huddersfield Rep foardat er full-time akteur waard. Yn dy perioade besleat er ek om syn foarnamme te feroarjen yn Warren meidat syn doetiidske freondinne in eachje op Warren Beatty hie.

Clarkes aktearkarriêre begûn oan de ein fan de jierren sechtich mei rollen yn de telefyzjedrama's Softly Softly, The Avengers, Callan, The Onedin Line, Tinker, Tailor, Soldier, Spy en de Stanley Kubrick-film A Clockwork Orange út 1971.
Fan de jierren tachtich ôf wurke er konstant foar telefyzjeproduksjes lykas Boon, Bergerac, The Manageress en Lovejoy. Yn 1987 hie Clarke in rol yn Blackadder The Third en hy wie Oliver Cromwell yn in spesjale ôflevering fan Blackadder yn 1988.

Clarke waard ferneamder mei de liedende rol fan Detective Superintendant Andy Dalziel yn de BBC-misdiesearje Dalziel and Pascoe. Dy rige, dy't yn 1966 begûn, is basearre op boeken fan de Ingelske skriuwer Reginald Hill. Clarke foarmet in duo mei syn jongere kollega Detective Sergeant Peter Pascoe (in rol fan akteur Colin Buchanan). Clarke wie ek regisseur fan ferskate ôfleveringen fan de searje.

Yn 2002 trede Clarke op yn de film Arthur's Dyke, njonken Pauline Quirke. Fierder spile er gastrollen yn bekende telefyzjerigen lykas Midsomer Murders, Inspector George Gently en Call the Midwife.

Syn lêste rol wie dy fan Charles Poldark yn de telefyzjesearje Poldark. Hy stoar yn de âldens fan 67 jier nei in koart siikbêd.

Clarke wenne yn Buckinghamshire en wie in fûleindich golfer en fan fan de fuotbalklup Manchester City FC. Mei syn twadde frou Michèle, mei wa't er yn 1987 troude, krige er dochter Georgia Mabel (* 1998). Ut syn earste houlik waard soan Rowan (* 1971) berne.

Filmografy bewurkje seksje

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: