Wellington (stêd yn Nij-Seelân)

(Trochferwiisd fan Wellington (stêd))

Wellington (Maori: Te Whanganui-a-Tara of Poneke) is de haadstêd fan Nij-Seelân. De stêd leit oan de súdkust fan it Noardereilân oan de Cookstrjitte en is neamd nei de hartoch fan Wellington. It is de op ien nei grutste agglomeraasje fan it lân.

Wellington
Lambton Harbour, Wellington
Lambton Harbour, Wellington
Polityk
Lân Nij-Seelân
Regio Wellington
Territorial authorities Wellington City
Lower Hutt City
Upper Hutt City

Porirua City

Boargemaster Justin Lester (Labour)
Sifers
Ynwennertal 412.500 (2017)
Oerflak 444 km²
Befolkingsticht. 930 km²
Stêdekloft 1390 km²
Hichte 0-495 m
Oar
Stifting 1839
Tiidsône NZST (UTC+12)
Simmertiid NZDT (UTC+13)
Koördinaten
Offisjele webside
www.wellingtonnz.com
Lizzing Wellington op it Noardereilân

De grutte finansjele ynstellings fan Nij-Seelân binne ferdield oer Wellington en Auckland (dat oant 1865 de haadstêd wie), guon ynstellingen hawwe haadkantoaren yn beide plakken. Wellington is Nij-Seelân syn politike haadstêd. It parlemint en de haadkantoaren fan alle ministearjes binne der ferstige. Wellington wurdt ek faak beskôge as it kultuerele sintrum fan it lân en hat ûnder oaren in film- en teateryndustry fan wrâldklasse, Te Papa (it nasjonaal museum fan Nij-Seelân) en i botanyske tún.

Wellington is ferneamd nei Arthur Wellesley, de earste hartoch fan Wellington. De titel fan it hartochdom komt fan de stêd Wellington yn Ingelân. Yn it Maori hat Wellington twa nammen, Te Whanganui-a-Tara doelt op de haven fan Wellington en betsjut de grutte haven fan Tara. De oare namme is Pōneke, dêr't it gebrûk fan ûntmoedige wurdt omdat tocht wurdt dat it gewoan in ferbastering fan in Ingelske bynamme foar de stêd: Port Nick (koart foar Port Nicholson).

Demografy bewurkje seksje

18,5 persint fan de ynwenners fan Wellington is jonger as 15 jier tsjin in nasjonaal trochsneed fan 22,7 persint. Likernôch 8,6 persint fan de minsken is âlder as 65 jier, nasjonaal is dat trochstrings 12,1 persint. Dat Wellington hat in relatyf grut tal arbeidsproduktive ynwenners. Dat komt mei troch de grutte sosjale en kultuerele oplibbing dy't de stêd op 't heden belibbet.

Fan de ynwenners fan Wellington is 85,6 persint fan oarsprong Europeaan. 4,1 persint is fan Maori-komôf en it oerbliuwend part komt fan de eilannen yn de Stille Oseaan en Aazje.

Berne yn Wellington bewurkje seksje