Wetterpoartsgrêft
De Wetterpoartsgrêft is in strjitte yn Snits.
Lizzing bewurkje seksje
De Wetterpoartsgrêft foarmet de westkant fan it eardere suderein fan Snits, en rint fan de Heachein, mei de Snitser Wetterpoarte, nei it Martiniplein. It is in kade, neamd efter de wetterpoarte en it wetter fan de Stêdsgrêft. Ornaris wurdt dat part fan de Stêdsgrêft ek mei dy namme oantsjut.
Súdlik bewurkje seksje
Oan de Wetterpoartsgrêft stiet, daalks njonken de Wetterpoarte it bertehûs fan Willem de Sitter. Op dit earste stik is in prominint oanlisstee oan De Kolk, faak brûkt foar wichtige gasten fan de stêd, bygelyks Sinteklaas. Dit stik einiget yn in krúspunt dêr't de Wûnderbrêge oer it wetter nei it begjin fan de Geaukade giet, en nei de oare kant it Mollemakleaster in trochstek nei it Súdein jout.
Noardlik bewurkje seksje
Foarby it krúspunt is de Wetterpoartsgrêft de kade fan de Stêdsgrêft. Op dit stik stiet fral nijbou út it lêste part fan de 20e iuw. De strjitte einiget op it Martinyplein; de kade rint fierder by it Martiniplein lâns. Op de oansluting mei it Martinyplein stiet it keunstwurk Sneek Voorwaarts.