Willem Bartjens (Amsterdam, 1569 - 1638) wie in skoalmaster dy't ferneamd wurden is troch syn rekkenboek "De Cijfferinghe van Mr. Willem Bartjens".

Portret fan Willem Bartjens op de titelside fan de earste edysje fan 'De Cijfferinghe' (1604)

Biografy bewurkje seksje

 
It Rijke Fraterhuis, wente fan Bartjens yn Swol

Yn 1591 iepene Bartjens in Frânske skoalle yn de Amsterdamse Pijlstege, dêr’t er it wenstige ûnderwiis joech yn rekkenjen, lêzen, godstsjinst, Frânsk en skiednis fan it heitelân. Yn 1604 publisearre er syn rekkenboek. Yn twa iuwen ferskynden in grut tal printingen, werprintingen en rôfprintingen. De twadde, saneamde fernijde druk ferskynde yn 1633; de lêste druk yn 1839. Fan de earste printinge is in eksimplaar fûn yn de Erfgoedbibleteek Hendrik Conscience yn Antwerpen, dy’t yn 2004 yn faksimilee fannijs útbrocht is.

Bartjens hâlde lange tiid yn Swol ta en wenne dêre yn de Praubstrjitte (Fraterhûs). Hy stie oan de Frânske skoalle dêre. Ta eare fan de skoalmaster is der yn Swol elts jier in Groot Zwolsch Bartjens Rekendictee.

Bartjens libbet noch altiten fuort yn de údrukking: "Neffens Bartjens...(sus en sa)". Dat wurdt sein at in berekkening of in sin kloppet of logysk is en ferwiisd dan nei Bartjens syn rekkenboek.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: