Willem I fan de Nederlannen

Willem Freark fan Oranje-Nassau (De Haach, 24 augustus 1772Berlyn, 12 desimber 1843) wie as Willem I fan 1813 oant 1815 soeverein foarst en fan 1815 oant 1840 de earste kening fan de Nederlannen. Under syn bewâld foarmen it hjoeddeiske Nederlân en Belgje fan 1813 oant 1830 ien steat.

Willem I yn keningsmantel

Jeugd en houlik bewurkje seksje

Willem Freark waard yn 1772 berne yn te 's-Gravenhage as tredde soan fan steedhâlder Willem V en prinsesse Wilhelmina fan Prusen, in nicht fan Freark II fan Prusen. Nei de dea fan steedhâlder Willem V stie hy oant 1815 bekend as Willem VI.

Willem Freark sels boaske yn 1791 syn folle nicht Wilhelmina fan Prusen, suster fan Freark Willem III, kening fan Prusen. Ut dit houlik waarden fjouwer berne berne:

Ofbyld Namme Berne Ferstoarn Bysûnderheden
  Willem Freark George Loadewyk 6 desimber 1792 17 maart 1849 Boaske Anna Paulovna fan Ruslân

De lettere kening Willem II.
  Willem Freark Karel 28 febrewaris 1797 8 septimber 1881
  Wilhelmina Frederika Louise Paulina Sjarlotte 1 maart 1800 22 desimber 1806
  Wilhelmina Frederika Louisa Sjarlotte Marianne 9 maaie 1810 29 maaie 1883

Titels bewurkje seksje

Neist kening fan de Nederlannen droech Willem I de titels prins fan Oranje-Nassau, foarst fan Fulda (1803-1806), greve fan Corvey, Weingarten en Dortmund (1802-1806) en letter as Willem I soeverein foarst fan it Soeverein Foarstedom fan de Feriene Nederlannen (1813-1815), hartoch fan Lúksemboarch (1815), gruthartoch fan Lúksemboarch (1815-1840) en hartoch fan Limburch (1839-1840). Nei syn abdikaasje nom hy de titel en namme kening Willem Freark greve fan Nassau oan.

Literatuer (karút) bewurkje seksje

  • Johann Stephan Wijne Koning Willem I, útjouwerij Kruseman, De Haach (1964)
  • Leonard Jan Plemp van Duiveland Willem Frederik, koning der Nederlanden, útjouwerij Nederlandsche Handel-Maatschappij, Amsterdam (1949)
  • Adriaan Goslinga Koning Willem I als verlicht despoot, útjouwerij Bosch, Baarn (1918)

Keppeling om utens bewurkje seksje