Willy Stöwer (Wolgast, 22 maaie 1864Berlyn, 31 maaie 1931) wie in Dútsk keunstskilder, ferneamd fan syn seesichten.

Stöwer yn syn atelier
RMS Titanic, skildere troch Willy Stöwer

In soad fan syn skilderings hawwe ôfbylden fan sinkende skippen as skippen yn fergelykbere situaasjes. Ien fan syn meast ferneamde wurken lit it sinken fan de RMS Titanic, yn 1912, sjen. Hy wie gjin tsjûge fan dat barren, dat der sitte ûnkrektichheden yn it skilderij, sa as de iisbergen, dy't dêr doe net wienen, en de reek út de efterste piip, dy't in luchtferfarskingsfunksje hie. Keizer Wilhelm II wie in grut leafhawwer en stiper fan syn wurk en hie mear as ien skilderijen fan him. Willy Stöwer beselskippe de monarch tusken 1905 en 1912 op ferskate seereizen
Stöwer wie in tige warber skilder, dy't mear as hûndert skilderijen yn mar twa jier makke. Tusken 1892 en 1929 makke er sa'n 900 swart-wyt en 335 kleure yllustraasjes foar 57 boeken, posters, ansichtkaarten en brosjueres.

Doe't keizer Wilhelm fuort wie en de heechtiid fan de Dútske oarlochs- en hannelsfloat oer wie, hie Stöwer it dreech om troch de tiid te kommen. Hy krige noch wolris opdrachten fan rederijen, mar doe't er yn 1931 stoar wie er al benei fergetten.

Priuwke wurk bewurkje seksje