Wimbledon (tennistoernoai)

The Wimbledon Championships[1], better bekend as Wimbledon, is it âldste tennistoernoai fan de wrâld en is in grandslamtoernoai. Wimbledon wurdt beskôge as it meast prestisjeuze tennistoernoai fan de wrâld. It is ek it grutste gerstennistoernoai en is ien fan de pear tennistoernoaien dy't spilers ferplichtsje om wite klean te dragen.[2][3]

Wimbledon
De trofeeën

It jierliks weromkommende grandslamtoernoai, dat foar it earst yn 1877 spile waard, wurdt hâlden op de All England Lawn Tennis and Croquet Club yn de Londenske bûtenwyk Wimbledon. Wimbledon wurdt, krektas de trije oare grand slams, organisearre ûnder tafersjoch fan de International Tennis Federation. Yn de twa wiken yn juny en july dogge oan it haadtoernoai 128 inkel- en 64 dûbelspilers mei per geslacht. Ek binne der 24 spilers en 24 spylsters yn it mingddûbeltoernoai.

De inkeltoernoaien fan Wimbledon 2010 waarden troch de Spanjert Rafael Nadal en de Amerikaanske Serena Williams wûn. Foar beiden wie it net de earste Londenske oerwinning: Nadal wist it toernoai al ienkear earder op syn namme te skriuwen en Williams die dat al trije kear. De 125e edysje wurdt fan 20 juny oant en mei 3 july 2011 hâlden.

Gallery bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. History of The All England Club and The Wimbledon Championships, Wimbledon Lawn Tennis Museum, 18 juni 2010
  2. Traditional Final: It’s Nadal and Federer, TNYT, 5 july 2008
  3. Wimbledon, Sport1Travel, rieplachte op 18 juny 2010