Wladimir Peter Köppen (Russysk: Владимир Петрович Кёппен) (Sint-Petersburch, 25 septimber 1846Graz, 22 juny 1940) wie in yn Ruslân berne geograaf, meteorolooch, klimatolooch en botanikus fan Dútsk komôf. Hy is fral ferneamd fan de klimaatklassifikaasje fan 1918, dy't útgie fan plantegroei: de klimaatgrinzen waarden op grûn fan minimale en maksimale trochsneed moannetemperatuer bepaald troch it ferspriedingsgebiet fan beskate planten.

Wladimir Köppen
Wladimir Köppen
Wladimir Köppen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wladimir Peter Köppen
nasjonaliteit Russysk
berne 25 septimber 1846
berteplak Sint-Petersburch
stoarn 22 juny 1940
stjerplak Graz flagge fan Eastenryk
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt geograaf
meteorolooch
klimatolooch
botanikus

Karriêre bewurkje seksje

Tusken 1872 en 1873 wie Köppen yn tsjinst fan de Russyske meteorologyske tsjinst. Yn 1875 ferhuze er werom nei Dútslân en waard er haad fan de nije Difyzje fan Maritime Meteorology fan it Dútske Marineobservatorium (Deutsche Seewarta) yn Hamburg. Dêr wie er ferantwurdlik foar it opsetten fan in waartsjinst foar it noardwestlike part fan Dútslân en de oanswettende wetters. Nei fjouwer tsjinstjierren koe er him wer rjochtsje op fûneminteel ûndersyk, dêr't er wier niget oan hie, en ferliet de meteorologyske tsjinst.

Köppen begûn in systematyske stúdzje fan it klimaat en eksperimintearre mei waarballonnen om gegevens fan de boppeste lagen fan de ierdatmosfear te krijen. Yn 1884 brocht er syn earste ferzje fan syn kaart mei klimaatsônes út. Dy late ta de ûntwikkeling fan syn klimaatklassifikaasjesysteem om 1900 hinne, dy 't er de rest fan syn libben ferbetterje soe. De folsleine ferzje ferskynde foar it earst yn 1918 en de úteinlike ferzje waard yn 1936 útbrocht.

Neist it beskriuwen fan ferskate klimaattypen wie er ek bekend mei paleoklimatology. Yn 1924 publisearre er mei syn skoansoan Alfred Wegener Die Klimate der Geologischen Vorzeit ('De klimaten fan it geologyske ferline'), dat Milutin Milankovic syn teory fan de Milankovi-parameters en iistiden stipe.

Oan 'e ein fan syn libben wurke Köppen op mei de Dútske klimatolooch Rudolf Geiger oan in wurk yn fiif dielen, Handbuch der Klimatologie. Dy is nea dienmakke, mar ferskate dielen, trije dêrfan fan Köppen, waarden útbrocht. Nei Köppens dea yn 1940, wurke Geiger fierder oan oanpassingen fan it klimaatklassifikaasjesysteem.

Köppen wie in produktive wittenskipper; hy skreau goed 500 wittenskiplike publikaasjes en bewarre syn yntellektuele nijsgjirrigens en brede ynteresse syn hiele libben lang. Njonken syn wittenskiplike beuzichheden wie er aktyf belutsen by sosjale kwestjes, wêrby't er in soad tiid en enerzjy bestege oan problemen as lângebrûk, skoalherfoarmingen en iten foar earmelju. Hy wie in sterk foarstanner fan it brûken fan Esperanto en sette ferskate wurken oer yn it Esperanto.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Allaby, Michael (2002). Encyclopedia of Weather and Climate. New York: Facts On File, Inc. ISBN 0-8160-4071-0.