It woastynklimaat komt benammen foar yn de Sahara (Noard-Afrika), Araabje en Austraalje, en op heech lizzende skrokke flakten yn bergen.

Gebieten op de wrâld mei in woastynklimaat

Skaaimerken bewurkje seksje

It woastynklimaat beslacht 12% fan it ierdoerflak. Yn gebieten mei dat klimaat komt net folle begroeiing foar. Allinnich sterke planten dy't lange tiid sûnder wetter kinne, lykas kaktussen. Yn de omkriten fan in oaze groeien somtiids wat palmen.

Der falt sawat gjin delslach (likernôch 200 mm yn it jier), mar as it al útein set mei reinen (ien kear yn de pear jier) komt it mei bakken tagelyk út de himel fallen.

De grûn yn dit klimaat is tige skrok, net fuchtber en bestiet meastentiids út sân en rotsen. Yn dizze gebieten wenje dêrom ek net folle minsken.

It woastynklimaat hat in grut ferskil yn temperatuer tusken dei en nacht. Oerdei leit it tusken de 25 °C en 45 °C en 's nachts kinne de temperatueren yn guon gebieten wol ûnder it friespunt sakje.

Keppeling om utens bewurkje seksje