Ynstellings fan de Jeropeeske Uny

De Jeropeeske Uny wurdt bestjoerd troch sân ynstellings. Dy binne yn te dielen yn fjouwer politike en trije net-politike ynstellings.

Sprieding fan de Jeropeeske ynstellings.

Politike ynstellings bewurkje seksje

De Rie fan de Jeropeeske Uny

  • Fertsjinwurdiget de regearingen fan de lidsteaten.
  • Wurdt sjoen as it wichtichste orgaan as it giet om beslútfoarming.

It Jeropeesk Parlemint

  • Fertsjinwurdiget de ynwenners fan de EU-lidsteaten.
  • Wurdt om de fiif jier direkt keazen troch it folk.

De Jeropeeske Kommisje

  • Stiet noed foar it Jeropeeske belang.
  • Kin wetsûntwerpen meitsje foar de Rie fan de Jeropeeske Uny en it Parlemint.

De Jeropeeske Rie

  • Jout ympulsen oan it Jeropeeske belied.
  • Komt fjouwer kear yn 't jier gear.
  • Wurdt sjoen as it heechste orgaan fan de Jeropeeske Uny.

Net-politike ynstellings bewurkje seksje

It Hôf fan Justysje

  • Rjochterlike macht fan de Jeropeeske Uny.
  • Hâldt tafersjoch op de krekte útlis en tapassing fan de EU-ferdraggen.

De Rekkenkeamer

  • Hâldt tafersjoch op de begrutting fan de Jeropeeske Uny.

De Jeropeeske Sintrale Bank

  • Sintrale bank foar de eurosône.
  • Hifket it monetêre belied.
  • Hat in stabile merk ta prinsipealste doel.

Oare net-formele ynstellings bewurkje seksje