't Laam (mole)

De stellingmole ’t Laam is in stellingmûne en ryksmonumint yn Wâldsein en waard om 1740 hinne boud. De mûne wurdt brûkt as nôt- en pelmûne. Boppe de tagongsdoar hinget in skilderij fan in lamke. De mûne is hast alle wurkdagen yn bedriuw en is ien fan de âldste nôtmûnen fan Fryslân.

't Laam
Piktogramm Windmühle.svg mûne / mole
Nôtmûne 'It Laam', Wâldsein.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Woudsend vlag.svg Wâldsein
adres Molestrjitte 4
koördinaten 52° 56'N 5° 37'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 20,0 / 20,15 meter
boujier 1742
oare ynformaasje
eigner Gem. Súdwest-Fryslân
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39846 [1]
Webside
Side 't Laam
Kaart
't Laam (Fryslân)
't Laam
It skilderij fan in laam ûnder de stelling

Wâldsein hat mear mûnen hân en der wurdt wolris ornearre dat de mûne 17e-iuwsk is, mar út dendrochronologysk ûndersyk hat bliken dien dat it hout fan de achtkant yn 1738/1740 kapt is.

De lêste mûnder ferkocht yn 1960 't Laam oan de gemeente Wymbritseradiel. Yn 1999 kocht de gemeente ek it mûndershûs oan, dat dêrnei yn it oarspronklike oansjen werom restaurearre waard. De tsjintwurdige eigner fan de mûne is noch jimmeroan de gemeente (nei de weryndieling Súdwest Fryslân).

Sûnt it jier 2000 is yn de mûnderswenning neist 't Lam in mûne-ynformaasjesintrum en mûnewinkel foar de ferkeap fan Fryske streekprodukten ûnderbrocht. Yn 2001 is it pelwurk fan de mûne yn eare wersteld. In pear kear yn it jier wurdt der wer koarn ta grôt peld.

De stiennen ûnderbou is oant de stelling 5,10 meter heech. It achtkant is reiddutsen. De flecht fan de mûne is 20 meter en de wjukken hawwe âld-hollânsk hekwurk. Wjukferbettering is nea tapast. De oare wynmûne yn Wâldsein is De Jager.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4