Fahrenheit

(Trochferwiisd fan °F)

Fahrenheit is in temperatuerskaal betocht troch Daniel Gabriel Fahrenheit. It is gjin SI-ienheid. Neffens in artikel dat Fahrenheit sels skreau yn 1724, is syn skaal basearre op trije referinsjepunten. It nulpunt waard krigen troch de termometer yn in mingsel fan iis, wetter en ammoniumgloride (in sâlt) te setten. Dit wie yn dy tiid in soad brûkte metoade om in lege temperatuer te krijen. It twadde referinsjepunt, 32 °F fûn hy troch de termometer yn suver wetter te setten wêrop iisfoarming barde. It tredde en lêste referinsjepunt, 96 °F, waard bepaald troch de lichemstemperatuer fan in sûn persoan, mjitten yn de mûle of ûnder de oksel. Sa bedroech it ferskil tusken it teipunt fan iis (32 °F) en de lichemstemperatuer (96 °F) 64 graden, wat him taliet syn skaal op syn ynstruminten oan te bringen troch it ynterfal 6 kear yn de helt te ferdielen.

Termometer mei de temperatuer yn Fahrenheit op de bûtenrâne en dy yn Celsius dêrbinnen
(Klik op de kaart foar in gruttere ferzje.)

██ Lannen dêr't Fahrenheit brûkt wurdt.

██ Lannen dy't sawol Fahrenheit as Celsius brûke

██ Lannen dêr't Celsius brûkt wurdt.

Fahrenheit kaam mei syn skaalferdieling yn 1724, earder dus as Anders Celsius, dy't yn 1742 de temperatuerferdieling yn graden Celsius definiearre. Fahrenheit basearre syn temperatuerskaal op earder wurk fan Ole Christensen Rømer, dy't yn 1701 de Rømer-skaal ûntwikkele.

Temperatuermjitting yn graden Fahrenheit wurdt hast allinnich noch mar brûkt yn de Feriene Steaten fan Amearika. Graden Fahrenheit wurde ek noch wol brûkt troch de âldere generaasje fan it Feriene Keninkryk, Austraalje, Súd-Afrika, Kanada, Ierlân, Yndia en Jamaika omdat de temperatuerskaal fan Fahrenheit earder ek yn dizze lannen brûkt waard. Yn oare lannen wurdt de temperatuer yn graden Celsius útdrukt.