Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

AIDS is in ôfkoarting fan Acquired Immune Deficiency Syndrome ofwol 'krigen ymmún defisjinsje syndroam' en is ien fan de meast deadlike ynfeksjesyktes as it net behannele wurdt. It ôfwarsysteem fan minsken wurdt troch de besmetting oantaasten. It lichem wurdt dan tige fetber foar in soad ynfeksjes. De pasjint sil dan faak nei tige lang siik west te hawwen stjerre oan de besmettings fan ferskate syktes.

AIDS-symboal
Dwerstrochsneed HIV-firus

AIDS begjint mei in besmetting mei it Aids-firus HIV (Humaan Ymmunodefisjinsje Firus) : Humaan, omdat it firus allinnich minsken ynfektearje kin en ymmunodefisjinsje meidat it ôfwarsysteem oantaaste wurdt.

Der binne twa soarten HIV, HIV1 en HIV2. HIV1 komt rûnom foar, HIV2 meast yn West-Afrikaanske lannen. Wa't besmetten is mei HIV is seroposityf. Nei besmetting siket it HIV-virus om in gasthearsel, omdat it firus net selsstannich oerlibje kin. It HIV-firus brûkt as gasthearsel in T-sel dy't ûnderdiel is fan it ôfwarsysteem. It DNA fan dy sel wurdt dan ferfongen troch stikjes DNA fan himsels. De ûnbrûkber woarn ynfektearre T-sel ferspriedet dan it HIV-firus fia it bloed. Sa wurde alle sellen oernomd en wurket it ôfwarsysteem net mear goed en de drager wurdt gefoelich foar opportunistyske ynfeksjes.

De steurde ôfwar ferheget ek de kâns op bepaalde tumors as it Kaposi-sarkoom. Dizze foarm fan hûdkanker jout de bekende hûdplakken fan in soad AIDS pasjinten. Sadree't dy opportunistyske ynfeksjes konstatearre wurde, wurdt de diagnoaze AIDS steld.

Fan Acquired Immune Deficiency Syndrome stiet Acquired foar it feit dat it fan oare persoanen krigen is, en Immune Deficiency omdat it ôfwarsysteem fan it lichem oantaaste is. Syndrome stiet foar in samling fan meardere sykteferskynsels, opportunistyske ynfeksjes en bepaalde tumors.
AIDS hat in lange ynkubaasjetiid fan seis moanne oant mear as sân jier. Yn dat skoft tiid is de pasjint dus allinnich besmetten mei it HIV-firus. De drager kin dan noch gewoan libje en fielt him net siik. Nei de diagnoaze AIDS kin in persoan noch mar in pear jier libje (sûnder medikaasje).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: