Abdij fan Hersfeld

De Abdij fan Hersfeld (ek 'Kleaster Hersfeld' of 'Sticht Hersfeld') wie fan 769 oant 1606 in wichtich benediktiner rykskleaster yn Bad Hersfeld yn Hessen, Dútslân.

De ruïnes fan it kleaster
Oerbliuwsel fan de tsjerke

It hert fan it kleasterlibben wie de stiftstsjerke, dêr't de oerbliuwsels fan hjoed de dei noch te besjen binne, de grutste romaanske tsjerkeruïne fan Jeropa. De skiednis fan de abdij is nau ferbûn mei dy fan de stêd Bad Hersfeld.