Abdijtsjerke fan Aduard

De Abdijtsjerke yn Aduard is in earder kleastergebou fan 'e Sint-Bernardusabdij en de tsjintwurdige tsjerke fan 'e PKN-gemeente. Oarspronklik is it de sikeseal fan 'e abdij, dy't nei de reduksje fan Grins yn 1597 hielendal ôfbrutsen waard. Allinne de sikeseal waard sparre en oerdroegen oan de protestanten, dy't it gebou geskikt makken foar in tsjerke fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (sûnt de 19e iuw de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke). De eardere sikeseal út 1297 is it âldste gebou mei in oarspronklik genêskundige funksje yn Nederlân. Njonken tsjerketsjinsten wurdt it gebou ek brûkt foar kulturele manifestaasjes en rûnliedings troch it kleastermuseum "Sint-Bernardushof".

Abdijtsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Aduard
adres Boarg. Seinenstrjitte 42
koördinaten 53° 15' N 6° 27' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske Tsjerke yn Nederlân
Arsjitektuer
boujier 1297
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7075
Webside
PKN-gemeente Aduard-Den Ham-Fransum
Kaart
Abdijtsjerke fan Aduard (Grinslân)
Abdijtsjerke fan Aduard

Bouwurk bewurkje seksje

 
De abdijtsjerke foar de grutte restauraasje.

It hat lang ûnwis west wat de oarspronklike funksje fan it abdijgebou wie. Tocht waard oan in refektoarium, waach of sikeseal, mar yn 1940 waard in rioel ûntdutsen, sadat hast mei wissigens oannommen wurde kin dat it gebou eartiids in sikeseal west hat.[1]

It abdijgebou waard nei de reformaasje in tsjerke en yn twa dielen ferdield. De trije westlike traveeën waarden as skoalle brûkt. Yn 1720 waard it ynterieur fan 'e tsjerke bepleistere. It eastlike diel fan it hek wie (en is) de tsjerke. De skoalmaster en koster wenne boppe de romte, dy't as skoalle brûkt waard. Yn 'e 19e iuw krige de tsjerke in toer en twa pinakels op de foargevel. By de grutte restauraasje fan 1917 oant 1928 is sawol it eksterieur as it ynterieur yn de romanogoatyske styl rekonstruearre. Oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke waard by dy restauraasje in treptoer tafoege, dy't nedich waard troch it weibrekken fan in tuskenferdiepping.[2]

Ynterieur bewurkje seksje

 
Ynterieur.

By de restauraasje fan 1917-1928 waard in wite stúklaach út 1723 fan de binnenmuorren ferwidere. Tagelyk mei it oanbringen fan in stúklaach krige de tsjerke yn 'e jierren 1720 ek in nije ynrjochting. Ut dy tiid stamme de preekstoel, de hearebank, de nachtmielstafel en twa losse banken. In by de restauraasje fan 'e jierren 1920 oantroffen midsiuwske mozaïekflier waard op 'e nij oan 'e westlike kant fan de tsjerke lein. Tsjintwurdich besteane de muorren út skjin mitselwurk.

Klok bewurkje seksje

De hjoeddeiske liedklok is in oarspronklike kleasterklok, dy't nei de reformaasje ferkocht waard oan 'e hartoch fan Braunschweig, dy't de klok letter jûn hie oan de Jehannestsjerke fan Wolfenbüttel, Dútslân. De klok waard yn opdracht fan Godefridus, de 34e abt fan 'e abdij, yn 1554 getten troch Gerrit van den Dam. It slagge P.A. Camphuis om de klok yn te ruiljen tsjin in nije klok en sa koe de kleasterklok yn 1924 wer yn Aduard ophongen wurde. D[3]

Oargel bewurkje seksje

De tsjerke krige yn 1908 foar it earst in oargel, dat boud waard troch Marten Eertman. By in brân yn 'e toer yn 1912 troch it ynslaan fan de bliksem rûn ek it oargel skea op. Nei de restauraasje fan de tsjerke yn 'e jierren 1920 kaam ek it oargel yn 'e tsjerke werom. Yn 1949 waard waard de Fugara 4′ troch in Quint ferfongen. It sleeplade-oargel is mechanysk en hat in oanhongen pedaal.[4]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: