De Abondance is in hybride ko dy't ûntstien is yn it departemint Haute-Savoie yn Frankryk.

Beskriuwing fan it ras bewurkje seksje

De kij binne mids-grut; de ko waacht tusken de 580 en 680 kilogram (kg) en wurdt sa'n 1.30 m heech. Sy hawwe in goud-brune facht; in wite kop (útsein om de eagen hinne), in wite ûnderkant fan it liif en úteinen fan de poaten.

De molke hat in moai lykwichtich fet- en aaiwytgehalte. De molke wurdt fanâlds brûkt foar it meitsjen fan Appellation d'Origine Contrôlée (AOC) tsiis, lykas de reblochon, abondance, tome des Bauges en de beaufort. Trochsneed molkeproduksje is 5700 kg de laktaasjeperioade.

It ras wurdt bot wurdearre fanwege de grutte temperatuerferskillen dy't it ferneare kin, fruchtberens, molke, fleis, it lange libben en it maklike ôfkealjen.

Oarsprong bewurkje seksje

 

It ras komt fan de Chablais yn de Haute-Savoie, dêr't it fokt waard troch de muontsen fan de abdij fan Sint-Maurice d'Agaune sûnt de 12e iuw. It ras waard yn it earstoan chablaisienne neamd.

Fersprieding bewurkje seksje

Op 't heden binne der sa'n 150.000 Abondance-kij yn Frankryk. Sy binne ek útfierd nei Noard-Amearika, Irak en Afrika. Yn West-Afrika binne sy krúst mei N'dama.