Ada Sanchez, echte namme ûnbekend (Miami, 28 desimber 1994), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Kubaansk komôf. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films.

Ada Sanchez
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 desimber 1994
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Kubaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Ada Sanchez op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Sanchez waard yn 1994 berne yn Miami, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn 2014, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat Sanchez neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in sechstjintal films spile, benammen foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings en Brazzers. Dêrby hat se gearwurke mei û.o. Diamond Kitty en Sean Lawless. Njonken har aktearwurk is Sanchez ek aktyf as neakenmodel.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Ada Sancheiz is in Latina fan blank ras, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en in natuerlike kupmaat 32C. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: