Adirondackberchtme

(Trochferwiisd fan Adirondacks)

It Adirondackberchtme (Ingelsk: the Adirondack Mountains) of koartwei de Adirondacks (útspr.: [ædɪˈɹɒndæk(s)], likernôch: "ah-di-ran-dek(s)", -ran- rymt op "man") is in berchmassyf yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat New York. Dit berchtme makket diel út fan 'e Appalachen en grinzget oan oare dielen fan dy folle gruttere berchkeatling, lykas it Catskillberchtme, de Taconics en de Griene Bergen fan Nij-Ingelân. It heechste punt fan 'e Adirondacks wurdt foarme troch de Mount Marcy, dy't mei in hichte fan 1.629 m de boarne is fan 'e rivier de Hudson.

Adirondackberchtme
  berchtme
It Adirondackberchtme, sjoen fan 'e top fan 'e Whiteface Mountain ôf.
It Adirondackberchtme, sjoen fan 'e top fan 'e
Whiteface Mountain ôf.
geografy
diel fan de Appalachen
lân Feriene Steaten
steat New York
sifers
oerflak 13.000 km²
lingte 260 km
breedte 260 km
heechste punt Mount Marcy
hichte 1.629 m
geology
yndieling middelberchtme
âldens 2 miljard jr.
stiensoarte sedimintêr stiente
kaart
Adirondackberchtme (New York)
Adirondackberchtme
Lizzing yn New York.

It toponym Adirondack is nei alle gedachten in ferbastering fan in wurd út de taal fan 'e Mohâk (Mohawk), in Yndiaansk folk fan Irokeeske oarsprong dat de kontreien fan it berchtme foarôfgeande oan 'e kolonisaasje dêrfan troch de Jeropeänen bewenne. It giet dan om ha-de-ron-dah, mei de betsjutting: "beammefretter". It ierst bekende gebrûk fan 'e namme wie yn 1729, troch de Frânske misjonaris Joseph-François Lafitau, yn 'e ferzje Rontaks. Neffens him wie it in skelnamme dy't troch de Mohâk en oare Irokezen brûkt waard foar Yndiaanske stammen fan Algonkwynsk komôf, dy't gjin lânbou bedreaune en dêrom yn tiden fan krapte soms twongen wiene om beambast te iten om 'e winter te oerlibjen. Yn dy tiid wiene ha-di-ron-dah en ferskate ferbasterings dêrfan al sterk mei de krite fan it Adirondackberchtme ferbûn, mar pas yn 1837 ferneamde Ebenezer Emmons it berchmassyf dernei.

 
In lânkaart fan in diel fan 'e noardeastlike Appalachen. It Adirondackberchtme is oanjûn mei in A en de kleur brún.

It Adirondackberchtme leit yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat New York. It is in rûnich, min ofte mear koepelfoarmich berchmassyf mei in diameter fan likernôch 260 km, in oerflak fan sa'n 13.000 km² en in hichte fan 1.600 m. De bergen binne likernôch 2 miljard jier lyn ûntstien, yn it geologysk tydrek fan it Tonium. Se binne opmakke út sedimintêr stiente. It hjoeddeistige oansjen fan 'e Adirondacks is yn hege mjitte feroarsake troch gletsjerfoarming yn it ferline. Sa lizze der mear as 200 marren yn it berchmassyf, wêrûnder de Georgemar, Lake Placid ("Stille Mar") en de Trien fan 'e Wolkensmar. It heechste punt fan 'e Adirondacks is de Mount Marcy, mei in hichte fan 1.629 m.

It Adirondackberchtme is in ûnderdiel fan 'e Appalachen, dat in folle gruttere berchkeatling is. Oan 'e súdkant wurdt it troch de delling fan 'e rivier de Mohawk skaat fan it Catskillberchtme, dat ek ûnderdiel útmakket fan 'e Appalachen. Yn it súdeasten grinzgje de Adirondacks oan 'e Delling fan 'e Hudson en yn it noardeasten oan 'e grutte Champlainmar. Oarekant de Delling fan 'e Hudson lizze de Taconics en oare kant de Champlainmar lizze de Griene Bergen, allebeide ek parten fan 'e Appalachen. Yn it noarden en noardwesten wurde de Adirondacks begrinzge troch de grutte Delling fan 'e St. Lawrence, dy't de grins fan 'e steat New York mei de Kanadeeske provinsje Ontario foarmet. Yn it westen rint it lân ôf yn 'e rjochting fan 'e Ontariomar, ien fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. Hast it hiele Adirondackberchtme leit binnen de grinzen fan it Adirondackpark, in ûnderdiel fan it Wâldreservaat fan New York, dat ek it Catskillspark omfiemet.

Minsklike bewenning yn 'e krite fan it Adirondackberchtme begûn yn it Paleo-Yndiaanske Tiidrek, doe't koart nei de ein fan 'e lêste iistiid om 13.000 f.Kr. hinne groepkes lju har nei wenjen setten oan wat doe de igge fan 'e Champlainsee wie. Dy minsken, dy't nei it suden kamen út 'e Delling fan 'e St. Lawrence wei, hearden ta de saneamde Laurintyske kultuer. it wiene semy-nomadyske jager-sammelders. Yn dy tiid bestiene de Adirondacks en oanbuorjende kontreien noch út toendra, mar yn 'e folgjende 11.000 jier waarme it klimaat yn it gebiet stadichoan op, sadat it begroeid rekke mei tichte leafwâlden yn 'e dellingen en nullewâlden hegerop. Ferskate Yndiaanske kultueren folgen inoar op, oant it gebiet oan it begjin fan 'e Westerske jiertelling bewenne waard troch de saneamde Owasco-kultuer, dy't stynske weet en beane ferboude yn 'e Adirondacks.

De Irokezen, spesifyk de Mohâk (Mohawk) en Onida (Oneida), arrivearren tusken 2000 f.Kr. en 200 f.Kr. yn 'e krite. Hja makken oanspraak op 'e Adirondacks as jachtgebiet. Neffens de Irokeeske histoarikus Rick Hill waard it berchtme beskôge as in "Petielje mei Ien Leppel", wat sizze woe dat de helpboarnen tusken de ûnderskate Irokeeske folken dield wurde moasten. By de Delling fan 'e Hudson, oan 'e eastkant, waard in diel fan 'e Adirondacks ek bewenne troch de Mohikanen, dat in Algonkwynsk folk wie dat faak mei de Irokezen op foet fan oarloch stie. Sa wie de etnologyske sitewaasje yn it berchtme doe't de earste Jeropeänen der arrivearren.

 
De Whiteface Mountain (letterlik: "Wytwandberch") is de op fjouwer nei heechste berch fan 'e steat New York en ien fan 'e heechste toppen fan 'e Adirondacks.

De Frânske ûntdekkingsreizger Samuel de Champlain wie de earste dy't it gebiet oandie, dêr't er daliks ferwikkele rekke yn in wapene treffen tusken de leden fan syn ekspedysje en in groep Mohâk. Dat wie yn 1609 op it plak dêr't de stêd Ticonderoga no leit, oan 'e súdkant fan 'e Champlainmar. Yn 1642 wie de jezuïtyske misjonaris Isaac Jogues de earste Jeropeaan dy't nei de midden fan it Adirondackberchtme reizge, ûnder twang, as finzene fan in groep Mohâk.

Yn 'e persepsje fan 'e iere Jeropeeske kolonisten foarmen de Adirondacks in reuseftige, ûnherberchsume wyldernis, en lange tiid bleau it gebiet op lânkaarten in wyt plak. Yn 1784 skreau Thomas Pownhall dat de Yndianen nei it berchtme ferwiisden as "de Aaklike Wyldernis" of as "it Ferbliuwplak fan 'e Winter". Dêr heakke er oan ta dat it berchtme harren fierhinne ûnbekend wie, of oars dat se oer har kennis "wyslik" net útwijden tsjin 'e Jeropeänen. Hy hie dúdlik de yndruk dat der gjin Yndiaanske bewenning fan 'e Adirondacks wie. It is ek skoan mooglik dat dy tsjin syn tiid frijwol net mear bestie, mei't de pleatslike Irokeeske en Algonkwynske stammen frijwol útrûge wiene troch Jeropeeske sykten as de pokken en de mûzels, dêr't se net oer koene. (Pas yn 2017 waard troch argeologyske fynsten yn 'e bergen definityf bewiisd dat soks net altyd sa west hie.)

Foar de iere blanke kolonisten fan noardlik New York bleau it Adirondackberchtme iuwenlang in soarte fan ûnlân sûnder wearde. Tsjin 'e tiid fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1776-1783) feroare dat lykwols. De ûnoantaaste wâlden yn it berchlân waarden doe sjoen as in lukrative boarne fan hout. Doe't de Feriene Steaten har selsstannigens wûn hiene, krige de steat New York it berchmassyf fierhinne yn eigendom, wêrnei't 7 miljoen acres oan houtsjers ferkocht waarden foar mar in pear pennys de acre. Dêrmei waard jild opbrocht om oan 'e oarlochsskulden fan 'e steat te foldwaan. It late lykwols ta in massale ûntbosking fan it gebiet.

Yn 'e njoggentjinde iuw waarden de Adirondacks yn it tiidrek fan 'e Romantyk lykwols in ûntwyk foar deselden dy't de nearzigens fan it stedslibben ûntflechtsje woene. Oanboazjende noed oer de ûntbosking en de kwaliteit fan it drinkwetter yn it gebiet late yn 1885 ta de oprjochting fan it Adirondackpark, wêrmei't it berchtme in beskerme status krige. Yn 1932 en jitris yn 1980 waarden de Olympyske Winterspullen holden yn it doarp Lake Placid, oan 'e mar Lake Placid, yn it noardlike part fan it Adirondackberchtme. Yn 1989 waarden dielen fan 'e Adirondacks troch de UNESCO oanwiisd as ûnderdiel fan it Biosfearreservaat Champlain-Adirondack.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.