Agnes Alida Huber

Agnes Alida Huber (Ljouwert, 24 septimber 1702 – dêre, 1 juny 1774), wie ien fan 'e dochters fan Harmannus Huber (1663-1730), de siktaris fan 'e Steaten fan Fryslân en boargemaster fan Snits, en dy syn frou Elizabeth Huber-De Hertoghe (1666-1751).

Agnes Alida Huber
persoanlike bysûnderheden
echte namme Agnes Alida Huber
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 septimber 1702
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 1 juny 1774
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
Switsersk
wurkpaad
aktyf as filantrope
reden
  bekendheid
stiftster gasthûs Vredenhof
   te Dronryp

Hja troude nea en hie gjin bern, mar wenne jierrenlang op it bûten Skatzenburch, yn Dronryp, dat yn it besit fan har famylje wie. Yn 1745 stifte se it earste rychje fan seis wenten fan it Rypster gasthûs (âldereintehûs) "Vredenhof", oan wat letter de Dûbelestreek wurde soe. Agnes Alida Huber ferstoar yn 1774 te Ljouwert, yn 'e âldens fan 71 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: