Ald Terp
Ald Terp is in buorskip yn de himrik fan Ie yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ald Terp leit noardeastlik fan Ie, noardwestlik fan Ingwierrum en súdwestlik fan Iesumasyl.
Ald Terp | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
Oar | ||
Postkoade | 9131 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 07' E[1] | |
Offisjele webside | ||
Side fan Ie | ||
Kaart | ||
De bebouwing fan Ald Terp leit oan de Tibsterwei, tusken Tibben en Dykshoarne. De bebouwing fan de buorskip bestiet út twa by mekoar steande huzen en de fierderop steande pleats Obbemastate. De adressen binne Tibsterwei 13, 15 en 17.
Skiednis
bewurkje seksjeGuon tinke dat de terp yn 'e 7e iuw ûntstien is. Tsjin de noardkant fan de terp leit Obbemastate, no in pleats, earder in stins (Obbe betsjut âld). Oerbliuwsels fan it fûnemint binne der noch.
Namme
bewurkje seksjeYn de 16e iuw waard Ald Terp neamd as Older Torp en Alderterp. Yn 1718 en 1850 waard it neamd as Oudterp. Letter yn de 19e iuw ferskynde de stavering Oudeterp.
Gemeentelike weryndieling
bewurkje seksjeAld Terp lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 ûnder de gemeente Dongeradiel, wêrnei't dy opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.