De Alde Maas (Nederlânsk en offisjeel: Oude Maas) is in tijrivier en foarmet in ôfspjalting fan de rivier de Ryn en earder fan de rivier de Maas yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De rivier is 30 km lang en begjint by de stêd Doardt, dêr't de rivieren de Under-Merwede en de Noard gearkomme yn de Alde Maas. De rivier einiget yn de Nije Maas dêr't it de Scheur foarmet.

Lokaasje Alde Maas
Alde Maas by de Twadde Heinenoardtunnel

De Alde Maas foarmet de súdgrins fan it eilân IJsselmonde. Nei't de Doardtske Kil fan de Alde Maas ôfspjalt nei it suden, foarmet de Alde Maas de noardgrins fan it eilân Hoekske Waard. By Ald-Beierlân spjalt de rivier de Spui ôf nei it súdwesten. De Alde Maas rint dênei noardwestlik tusken de plakken Spijkenisse en Hoogvliet en komt de rivier de Nije Maas temjitte foar Flaardingen oer. Op it plak dêr't de rivieren byïnoar komme, hjit it de Scheur en fan dêrwei rint it wetter de Noardsee yn.

De rivier hat natuer- en rekreaasjegebieten.

Yn de Iere Midsiuwen folge de Maas de stream fan de Alde Maas. Yn de lettere Midsiuwen, rekke de Alde Maas troch in oerstreaming ferbûn mei de Merwede. Fan dat stuit ôf waard wetter yn de Alde Maas oanfiert fan beide de Ryn en Maas ôf. Nei de Sint-Elisabetsfloed fûn de Merwede in koarter paad nei de see (it hjoeddeiske Hollânsk Djip). D╘rtroch ferlear de Alde Maas de oanfier fan swiet wetter en ferwaard it ta in brakke ôfspjalting.

Doe't de oanfier fan wetter út de Merwede better ferdield waard (hânmjittich), waard de Alde Maas wer ien fan de grutte boarne fan wetterôffier foar de Ryn en Maas.

Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw rekke de ferbining tusken Maas en Ryn ferbrutsen. Troch de Ofdamme Maas streamt de Maas no oer de nije keunstmjittige Berchske Maas. Troch de skieding fan de rivieren de Ryn en Maas naam de kâns fan oerstreamings ôf en waard as ien fan de grutste prestaasjes fan de Nederlânske wetterhûshâlding fan foar de Suderseewurken en de Deltawurken sjoen. Fan dat stuit ôf krige de Alde Maas allinnich mar wetter fan de Ryn oanfierd.

Plakken oan de Alde Maas

bewurkje seksje