Alde Wei (De Broek)
mar yn de gemeente De Fryske Marren
De Alde Wei is in mar yn de gemeente De Fryske Marren. De mar hat yn it noarden troch de Noarder Alde Wei in ferbining mei de Goaiïngarypster Puollen. Nei it suden is der in ferbining mei de Langwarder Wielen. It Kromme Far, de eardere ferbining mei Broek-Súd, is der net mear.
De namme Alde Wei jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oudeweg.