De Aldehoupartij is in KNKB-keatsparij foar senioaren dy't op it heechste nivo spylje. De partij wurdt sûnt 1913 organisearre troch de Ljouwerter keatsferiening LKC Sonnenborgh. De Aldehoupartij is tradisjoneel de ôfsluting fan it keatsseizoen en stiet dan ek faak yn it teken fan ôfskied nimmende keatsers.

Aldehoupartij
holden yn Ljouwert
sport Keatsen
organisator keatsferiening LKC Sonnenborgh
earste edysje 1913
Temaside  Sport

De Aldehoupartij wurdt mei de PC, de Rengersdei en de Van Aismadei rekkene ta de klassikers ûnder de keatspartijen.

Wikselpriis bewurkje seksje

De wikselpriis foar de kening fan de partij is sûnt 1964 de Sulveren Aldehou, oanbean troch Douwe Egberts. Earder koe de wikselpriis definityf wûn wurde, as der trije jier efterinoar deselde keatser ta kening útroppen waard. Sa gie de earste wikselpriis, in houtene Aldehou, yn 1917 oanbean troch Tabaksfebryk Taconis al yn 1919 definityf nei J.P. Dijkstra. Yn 1920 bea Taconis in nije wikselpriis oan, in sulveren tabakspot, dy't yn 1926 definityf wûn waard troch Teade Zijlstra. Der kaam wer in nije keningspriis, opnij oanbean troch Taconis, in Sulveren Aldehou op in marmeren foet. Dy wikselpriis waard yn 1940 definityf wûn troch Klaas Kuiken.

Yn 1941 moast de partij it stelle sûnder wikselpriis: Sjouke Helfrich wûn as keningspriis in beker. Yn 1942 stelde Taconis in nije wikselpriis beskikber yn de foarm fan in sulveren gravuere fan de Aldehou. Yn 1963 gie dy definityf nei Hotze Schuil. Nei 1964 wurdt keatst om de sulveren Aldehou dy't beskikber steld is troch de Douwe Egberts fabriken en dy't net wûn wurde kin.

List fan winners bewurkje seksje