Aldert Jacobs van der Poort

Aldert Jacobs van der Poort (Dokkum, 24 novimber 1771 - Ljouwert, 13 maart 1807) wie in keunstskilder. Hy wie in learling fan izerhanneler Jacob Bonga (Dokkum), H. W. Beekkerk (1756-1796, út Ljouwert) en Willem Bartel van der Kooi. Nei syn trouwen yn 1800 wenne er in skoft yn Leer yn East-Fryslân. Yn 1803 gie er werom nei Ljouwert dêr't er in grutte opdracht krige ta it skilderjen fan histoarjestikken.

Hy skildere op behang, makke portretten en lânskippen. Hy stoar oan tuberkuloaze, noch gjin 36 jier.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geschiedenis der Vaderlandsche schilderkunst: sedert de XVIIIe eeuw. Aldert Jacobs van der Poort