Alençon is in stêd yn it suden fan it Frânske departemint Orne (regio Normandje). It is nei Caen en Cherbourg de grutste fan de regio Basse-Normandie. De stêd makket diel út fan it arrondissemint mei deselde namme.

Alençon
La Place Foch
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Normandje
Departemint Orne
Sifers
Ynwennertal 25.775 (2018)
Oerflak 10,77 km²
Befolkingstichtens 2.413 / km²
Stêdekloft 67.656 (2018)
Hichte 127-152 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Alençon

De ynwenners wurde "Alençonnais" neamd. Alençon hat as bynamme la Belle Endormie of "De tsjeppe sliepster" en stiet bekend om it kant, dat sûnt 16e iuw troch kantwurksters makke waard. Alençon is ek it berteplak fan de hillige Theresia fan Lisieux.

De stêd is ien fan de seldsume plakken yn Normandje, dêr't de befrijing yn 1944 sûnder grutte skea mank gyng.

De krite om de stêd hinne waard al hiel ier bewenne, mar sels yn de Gallo-Romeinske tiid wie der noch gjin sprake fan in stêd. It wie yn dy tiid net mear as in furde oer de Sarthe. Sûnt de 4e iuw waard it gebiet Kerstenjen kristene. Alençon ûnwikkele him yn in méander fan de rivier de Sarthe en sûnt de 10e iuw wreide de delsetting him út oer de eardere sompen. Nei't Wytsings Sées yn it jier 924 oermasteren, bouden hja oan de noardlike kant fan de rivier foar Montsort-Alençon in delsetting. Nei de 11e iuw woeks de stêd, it waard in greefskip en oan it begjin fan de 15e iuw in hartochdom.

 
Basilyk Notre-Dame

Margaretha fan Valois (1492-1549) hie yn de 16e iuw grutte ynfloed op de stêd. Hja stipe de reformaasje, mar bleau trou oan it roomske leauwe en liet prekers as Michel d'Arande en Pierre Caroli de ynwenners fan Alençon mei nije ideeën yn 'e kunde komme. Guon bewenners lieten harren al ier ta it kalvinisme oerhelje. Yn dy tiid foarme it hartochdom Alençon in frijhaven foar protestanten dy't Parys ûntflechten en Margaretha holp mannich protestant, dy't troch it Parlemint opjage waarden, fan in wisse fjoerdea. Ek ferwolkomme hja in soad skriuwers en keunsters.

Nei de dea fan Margaretha yn 1549 waard it hartochdom Alençon oerdroegen oan de Frânske Kroan. Under it bewâld fan Karel IX, dy't yn 1560 in tusken katoliken en protestanten ferdield keninkryk erfde, fersile it lân yn in godstsinstkriich. Fuort sûnt it begjin fan it regear fan Karel IX begûnen de protestanten yn Alençon de tsjerken te plonderjen. Katoliken waarden twongen harren te bewapenjen om eigen libben en goed te beskermjen. De prosesje op Sakramintsdei moast beskerme wurde troch in wapene eskorte mei hûnen. Holpen troch protestanten út Le Mans besetten de protestanten de stêd en plonderen op 'e nij de tsjerken. De iepenbiere oarder waard lang om let wer hersteld, werby't katoliken en protestanten iepenbiere funksjes lyk oer inoar ferdielden.

Gabriel de Lorges, greve fan Montgommery, dy't mei fjoer it nije leauwe propagearre, oermastere Alençon, mar moast de stêd al gau wer ferlitte om it leger fan prins Hindrik I fan Bourbon-Condé te helpen yn La Rochelle. It wie te tankjen oan Jacques II de Goÿon de Matignon dat de katoliken gjin wraak nimme koene en de Bartoloméusnacht oan de protestanten fan Alencón en omkriten foarby gyng. Twa jier letter namen protestanten de stêd wer yn.

 
Kant út Alençon (18e iuw)

Edikt fan Fontainebleau

bewurkje seksje

Kardinaal de Richelieu liet it hartochdom opheffe en foege it mei Rouen en Caen ta "généralité" fan Normandje. Yn de jierren 1660 fûn de protestantske Marthe La Perrière it point d'Alençon út, in technyk om kant te meitsjen, en stifte in fabryk dy't it keninklik predikaat drage mocht. Op it hichtepunt fan de fabrikaazje wurken der achttûzen kantwurkers. Mei it Edikt fan Fontainebleau kaam dêr yn 1685 in ein oan. De protestanten flechten noch ear't de dragonders kamen en lieten in lege stêd efter. Élisabeth de Guise sette yn har hartochdom de ferfolging yn fan protestanten en dêrby gyng hja sa fier dat hja de protestantske grêven iepene en de resten opgrave liet en dy op de strjitte smiet, wylst it protestantske tsjerkhôf by har tunen yn Alençon yndield waarden. De protestanten flechten fral nei Ingelân en de Nederlannen en mei kaam der in ein oan de kantyndustry en it grutte tal printerijen fan de stêd.

 
Bertehûs Sint-Theresia

De Frânske Revolúsje brocht minder lijen dan yn de measte oare plakken. It iennige slachtoffer fan revolúsjonêr geweld wie in kapusynske muonts. Healwei de 19e iuw gyng it ynwennertal fan Alençon foar it earst oer de 15.000. Yn in hûs oan de rue Saint-Blaise wennen Louis en Zélie Martin, in horloazjemakker en in kantwurkster mei harren fiif dochters, dy't allegear non wurde soene. Harren dochter Thérése waard karmelytesse en yn 1925 hillich ferklearre. Yn 1997 waard hja ta tsjerkelearaar beneamd. De hillichferklearring fan har âlders folge yn 2018.

Yn de Frânsk-Dútske Oarloch besetten Dútsers nei gefjochten Alençon op 16 jannewaris 1871. Hja ferlieten op 19 jannewaris de stêd, mar kamen werom op 29 jannewaris. It besettingsleger easke fan de bewenners in finansjele bydrage. Boargemaster Eugène Lecointre wie noch de iennige autoriteit yn de stêd en foldie it bedrach. Doe't de Dútsers in twadde bydrage easken wegere de boargemaster. De Dútske kommandant drige de stêd te plonderjen as der net jild kaam, Lecointre joege him dêrop de kaaien fan syn hûs en sei: "Jimme meie dan by my begjinne", en, ien fan de favorite úspraken fan Bismarck resitearjend: "Gean jim gong hearen, de macht giet foar de wet". De driging waard net útfierd, mar Lecointre waard mei oare boargemasters oppakt en op 22 febrewaris wer frijlitten. De stêd waard op 7 maart befrijd.

Om't Alençon yn de 19e iuw gjin ferbining mei it spoar krige, bleau grutskalige yndustrialisaasje yn dy tiid út.

 
Amerikaanske soldaten yn Alençon (augustus 1944)

Mei de iepening fan in Moulinexfabryk yn de 20e iuw ûnstie der wer in soad wurkgelegenheid yn Alençon. Sûnt 1937 wurdt dêr û.o. de grientemûne makke.

Alençon waard yn de Twadde Wrâldkriich sûnt juny 1940 beset troch de Dútsers nei't hja op 14 juny de stêd bombardearre hiene wêrby't 31 minsken omkamen. Op 21 maaie 1944 bombardearren Amerikaanske fleantugen it stasjon fan Alençon. Fan 6 juny oant 11 augustus 1944 hie de stêd te lijen fan twintich alliearde bombardeminten, dy't 200 slachtoffers easken. Op 12 augustus 1944 waard de stêd befrijd sûnder in skot te lossen. De Dútsers hiene in pear oeren earder al de stêd ferlitten om harren ta te rieden foar in tsjinoanfal yn de bosken fan Écouves. Wylst de Dútsers dêr wachten op fersterkings warskôge de jonge fersetsstrider Raymond Ciroux, de alliearde troepen op de driging en in riskante ûndernimming fan generaal Leclerc, dy't sa gau mooglik oanfalle woe, betelle him út. It grutte belang fan de flugge ynname fan Alençon bûten de befrijing fan de stêd wie dat de brêgen oer de Sarthe yntakt yn alliearde hannen foelen, sadat de Amerikanen en Ingelsen optsjen koene rjochting Parys en de Seine en fierder. Alençon wie de earste Frânske stêd dy't net troch alliearde striidkrêften fan oare nasjonaliteiten, mar troch Frânske striidkrêften befrijd waard.

Untwikkeling befolking [1]
Jier 1793 1851 1901 1931 1954 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2009
Ynwenners 12.954 14.760 17.270 16.688 21.893 25.584 31.656 33.680 31.608 29.988 28.935 27.325

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Maison D'Ozé
 
Halle au Blé
  • It Château d'Alençon waard tusken 1367 en 1391 boud. Yn de Hûndertjierrige Kriich (1337-1453 waard it tusken 1417 en 1449 ynnommen troch Ingelske troepen. Yn 1592 waard it kastiel foar in diel ôfbrutsen om't Alençon de Hugenoten stipe hie. Flak foar de Frânske Revolúsje waard ek de donjon ôfbrutsen. Fan 1768 oan 1824 wie it brûkt om dakleazen op te fangen. Nei 1824 tsjinne it ek in tiid as finzenis. Fan it oarspronklik château bleau mar likernôch 10% fan de bou oer. Yn de Dútske besetting wie it in finzenis en waarden der minsken foltere troch de Gestapo. It bleau in finzenis oant 2010. It Ministearje fan Justysje ferkocht doe it château foar in symboalyske priis oan de stêd.
  • Yn de Notre-Dame fan Alençon waard Theresia fan Lisieux doopt (earste kapel fan it lofter sydskip). De tsjerke waard fan de 14e oant de 16e iuw boud. Tige moai is it portaal út likernôch 1500. De tsjerke hat noch ramen út de 16e iuw en ek it oargel en de preekstoel binne 16e-iuwsk.
  • Maison D'Ozé oan de Rue Étoupée datearret fan de 14e iuw mar is letter ferboud troch hartoch Charles de Valois en syn frou Margaretha fan Valois. De gemeente kocht it gebou yn 1854 oan en it soe yn 1899 hast ôfbrutsen wurde. Wjerstân ûnder de befolking soarge der foar dat it safier net kaam. Tsjintwurdich is de Frânske VVV dêr ûnderbrocht.
  • De Halle aux Blés is in grut, 19e iuwske gebou mei in koepel fan izer en glês. De bou neffens plannen fan Jacques Mercier setten útein yn 1806 en yn 1812 waard de nôtbeurs yn gebrûk nommen. Yn de Earste Wrâldkriich tsjinne de nôtbeurs as lazaret. Tsjintwurdich wurde dêr útstallings organisearre.
  • De Église Saint-Léonard (Place Marguerite de Lorraine) is wijd oan de heremyt Léonard, dy't yn de 5e iuw yn de bosken by Vandoeuvre wenne. De earste tsjerke waard tusken 1160 en 1182 boud, mar de hjoeddeiske tsjerke datearret fan de jierren 1490-1505
  • De Chapelle Notre Dame de Lorette (Rue du Mans) is in kapel út 1699.
  • Musée des Beaux-arts et de la Dentelle, Cour carrée de la Dentelle (Webstee)
  • Maison Natale de Sainte Thérèse (Bertehûs fan Sint-Theresia), Rue Saint-Blaise

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.