Alexandra Krosney

Alexandra Krosney (folút: Alexandra Benjamin Krosney; Los Angeles, 28 jannewaris 1988) is in Amerikaansk tillefyzje-, film- en stimaktrise, dy't benammen bekend wurden is troch har rol as Kristin Baxter yn it earste seizoen fan 'e komeedzjesearje Last Man Standing.

Alexandra Krosney
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexandra Benjamin Krosney
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 jannewaris 1988
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
Alexandra Krosney yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Krosney waard yn 1988 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeide. Mei fjirtjin jier sette se yn 2002 útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se benammen yn tillefyzjesearjes en tillefyzjefilms spile.

Sa hie se gastrollen yn 'e plysjesearjes as Without a Trace (twa kear), NCIS, Criminal Minds, CSI: Crime Scene Investigation en Bones, de sikehûssearje E.R. en de dramasearjes Crossing Jordan, en Lost. Oan 'e tekenfilmsearje Transformers: Prime wurke se mei as stimaktrise. Fierders spile se û.m. yn 'e tillefyzjefilms Read It and Weep (2006), Shredderman Rules (2007) en The Last Day of Summer (2007), en yn 'e koarte film The Pinhole Effect.

Krosney krige bekendheid by in breder publyk doe't se yn 2011 cast waard yn 'e rol fan Kristin Baxter, de âldste dochter út it gesin fan akteur Tim Allen yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Nei ien seizoen waard se yn 2012 lykwols ferfongen troch Amanda Fuller om't de produsinten fan Kristin Baxter in memmigere en dêrom âldere persoanlikheid meitsje woene.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2002 The Grubbs Cricket nea makke pilotôflevering
2003 Without a Trace de jonge Lianna Sardo gastrol; ôfl. "Moving On"
2003 Family Affair Remy weromkearende rol; 3 ôfl.
2004 ER Trina gastrol; ôfl. "White Guy, Dark Hair"
2005 Grounded for Life Angelica gastrol; ôfl. "Tom Sawyer"
2005 Crossing Jordan Leann Dawber gastrol; ôfl. "Murder in the Rue Morgue"
2005 Strong Medicine Francis Raibly gastrol; ôfl. "Chief Complaints"
2006 NCIS Nadia Harcourt gastrol; ôfl. "Bait"
2006 Bones Amy Cullen gastrol; ôfl. "The Graft in the Girl"
2006 Read It and Weep Harmony tillefyzjefilm
2007 Numbers Josephine Kirtland gastrol; ôfl. "Nine Wives"
2007 Without a Trace Rebecca Howard gastrol; ôfl. "Connections"
2007 Shredderman Rules Tina tillefyzjefilm
2007 The Last Day of Summer Diana Malloy tillefyzjefilm
2008 Cory in the House blonde Ashley gastrol; ôfl. "Lip Service"
2008 Criminal Minds Eileen Bechtold gastrol; ôfl. "Elephant's Memory"
2009 Lost Ellie gastrol; ôfl. "Jughead"
2009 CSI: Crime Scene Investigation Silver gastrol; ôfl. "Deep Fried and Minty Fresh"
2009 Surviving Suburbia Rhonda weromkearende rol
2009 Psych Lucy Ryan gastrol; ôfl. "The Devil Is in the Details... and the Upstairs Bedroom"
2010 Medium Keelin McKinney gastrol; ôfl. "Psych"
2010–2012 Nikita Sara gastrol; ôfl. "The Recruit"
2011–2012 Transformers: Prime Sierra as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
2013 Last Man Standing Kristin Baxter fêste rol yn seizoen 1
2014 Emily Owens, M.D. Liz Barnes gastrol; ôfl. "Emily and... The Leap"
2014 Rainbow Brite Stormy / Canary Yellow as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
2015 Aquarius frou Jens gastrol; ôfl. "Cease to Resist"
2015 Keith Broke His Leg harsels websearje; gastrol
2015 Self Promotion Katie Preston pilotôflevering fan in searje dy't nea makke is
2021 Archibald's Next Big Thing Is Here    Bethecca gastrol; ôfl. "A Tiny Problem/Changing Lanes"
films
2013 The Pinhole Effect Lillie koarte film
2015 Barely Lethal Cindy
2015 Funny Woman fernimstich famke yn winkel  
2016 Twenty-Three Pints Leanne koarte film

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.