Amanda Spoel (folút: Amanda Alice Irene Spoel; Den Helder, 22 juny 1952) is in earder Nederlânsk tillefyzje- en radiopresintatrise en -ferslachjouster.

Amanda Spoel
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Amanda Alice Irene Spoel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 juny 1952
berteplak Den Helder (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
Yndonezysk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, ferslachjouster
medium tillefyzje, radio
wurksum by KRO, AVRO
bekend fan AVRO's Televizier
jierren aktyf ±19822012
offisjele webside
Amanda Spoel op Twitter

Karriêre bewurkje seksje

Amanda Spoel is fan mingd Nederlânsk en Yndonezysk komôf. Hja begûn har karriêre by de Nederlânske publike omrop yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich, as presintatrise fan 'e aktualiteiterubryk Echo, op 'e KRO-radio. Letter wie se wurksum by de AVRO, as ferslachjouster en presintatrise fan 'e tillefyzje-aktualiteiteprogramma AVRO's Televizier. Yn 1986 naam se mei Catherine Keyl de presintaasje op har fan it middeisprogramma AVRO Service Salon, in funksje dy't se jierrenlang behold. Dêrnjonken wie se fan 1991 ôf te sjen as ko-presintator fan it tillefyzjeprogramma Alle Dieren Tellen Mee.

Doe't Service Salon yn 1993 stopset waard, rjochte Spoel har op in karriêre efter de skermen. Sa wurke hja mei oan 'e ynternetredaksje fan 'e Top 2000 fan Radio 2. Ek wie se noch wurksum as ferslachjouster foar de aktualiteiterubriken Netwerk en EénVandaag. Dêrby bleau har bydrage lykwols beheind ta research en voice-over. Ein 2009 wie Spoel nochris op 'e tillefyzje te sjen, doe't se foar EénVandaag in rige reportaazjes makke ûnder de titel Amanda's Droom. Dêryn socht se ferskate persoanen op dy't yn it ferline yn har ferslaggen yn it nijs kommen wiene. Yn 2012 sei Spoel nei mear as 25 jier de AVRO farwol. Neitiid hat hja har folslein op it ûntwerpen fan sieraden talein.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: