Amerikaansk Hynder de Aldere

Amerikaansk Hynder (Lakota: Wašíčuŋ Tȟašúŋke, útspr.: [wa'ʃi:ʧũ tˣa'ʃũ:ke]; Ingelske oersetting: American Horse; 183010 septimber 1876) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Om betizing mei in oare Amerikaansk Hynder foar te kommen, wurdt er yn 'e regel betitele as Amerikaansk Hynder de Aldere (in gebrûk dêr't de Amerikaanske histoarikus George E. Hyde mei úteinset is). Hy stie bekend om syn ûnbûchsume moed en eare, en focht û.m. mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Krapoan in fearnsjier letter kaam er om nei in Amerikaanske oanfal op syn doarp.

Amerikaansk Hynder de Aldere
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wašíčuŋ Tȟašúŋke
oare namme American Horse
berne 1830
berteplak ?
stoarn 10 septimber 1876
stjerplak Slim Buttes (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Oglala
jierren aktyf ±18651876

Libben bewurkje seksje

Amerikaansk Hynder de Aldere waard yn 1830 berne as in soan fan Ald Opperhaad Smook en in folle neef fan Reade Wolk. Hy wie ien fan 'e oanfierders fan 'e Yndianen yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, besochten foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. Mei û.m. syn broer Blau Hynder en Reade Wolk wie Amerikaansk Hynder ien fan 'e opperhaden dy't yn 1868 foar de Lakota it twadde Ferdrach fan Fort Laramie ûndertekenen, dat wer frede mei de Amerikanen brocht. In moanne letter waard er, yn 'e mande mei û.o. Mâl Hynder, keazen ta ogle taŋka un of "himddrager", wat sizze woe dat er tenei de krigers yn 'e striid liede soe.

 
De lokaasje fan 'e Slach by Slim Buttes.

Doe't de Amerikanen yn 1876 de Lakota harren hillige lân, de Black Hills, ûntnaderje woene, om't dêr goud fûn wie, waard it op 'e nij oarloch. op 25 juny fan dat jier wie Amerikaansk Hynder ien fan 'e wichtichste opperhaden dy't mei Sittende Bolle, Mâl Hynder en Gal dielnamen oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Lakota, Sjajinnen en Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fierhinne útrûgen. As reäksje op dy foar de Amerikanen fernederjende nederlaach sette generaal George Crook op 26 augustus mei in troepemacht fan 2.200 man útein mei syn Hynstefleismars (dy't sa neamd waard om't de rantsoenen op rekken en de soldaten de hynders slachtsje moasten om itende te bliuwen). It doel fan 'e fjildtocht wie om 'e Lakota foar iens en foar altyd in leske te learen.

 
In ôfbyld fan 'e oerjefte fan Amerikaansk Hynder.

Oan 'e ein fan 'e earste wike fan septimber state in ôfdieling fan Crook syn legermacht, besteande út 150 man ûnder lieding fan kaptein Anson Mills, op it doarp fan Amerikaansk Hynder, dat binnen de grinzen fan it (doetiidske) Grutte Sû Reservaat yn 'e Black Hills fan Súd-Dakota opslein wie. It kamp bestie út 37 tipys, mei sa'n 260 minsken, wêrûnder 30 oant 40 krigers. Moarnsier op 9 septimber bestoarmen Mills en syn mannen it doarp, yn wat bekend kaam te stean as de Slach by Slim Buttes. De measte bewenners waarden deade, al wisten guon te ûntkommen. Amerikaansk Hynder loek him mei syn húshâlding, besteande út trije of fjouwer krigers en sa'n 25 froulju en bern, werom yn in djip, smel ravyn mei oerhingjende sydkanten, hast in grot allyk, dêr't er troch de midsmoarns yn it doarp oankommen generaal Crook de hiele fierdere dei belegere waard.

Amerikaansk Hynder tidige op rêding troch Mâl Hynder, dy't mei in folle gruttere Lakota-macht mar in pear myl nei it westen ta syn kamp opslein hie, mar tsjin 'e tiid dat dy opdaagjen kaam, hiene Crook syn troepen de hiele delling beset en koed er it doarp net mear benei komme. Crook besingele Amerikaansk Hynder syn posysje mei ynfantery, en liet it ravyn oanhâldend fan alle kanten besjitte. Neffens de offisjele Amerikaanske lêzing murken de Amerikanen pas dat der ek non-kombattanten yn it ravyn sieten, doe't de Yndiaanske poppen sa lûd begûnen te gûlen dat it boppe it leven fan 'e gewearskotten út te hearren wie. Crook die dêrop fia tolken it oanbod om 'e froulju en bern út it ravyn komme te litten, en gie yn eigen persoan nei de iepening ta om tolve froulju en sân bern by syn troepen lâns te begelieden. Dêrnei waard de rein fan kûgels ferfette, yn in ympasse dy't noch hast twa oeren duorre. Nei nije ûnderhannelings fia tolken joech Amerikaansk Hynder it doe einlings oer, op betingst dat de krigers dy't er by him hie, sparre wurde soene. Sels wied er yn 'e ûnderbúk sketten, en doe't er úteinlik út it ravyn kaam en by wize fan oerjefte generaal Crook de kolf fan syn gewear oanbea, moast er mei de oare hân syn yngewant yn it liif hâlde. De legerdokter Valentine McGillycuddy die foar it opperhaad wat er koe, mar hie fuort al sjoen dat it in ferlerne saak wie. Amerikaansk Hynder wegere morfine en libbe noch oant likernôch seis oere de oare moarns, doe't er beswiek oan syn ferwûnings.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.