Amerikaanske kaamein
De Amerikaanske kaamein (Sarkidiornis sylvicola) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). De fûgel komt yn Súd-Amearika foar en wurdt troch guon ek as in ûndersoarte fan 'e gewoane kaamein beskôge.
Amerikaanske kaamein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk. ![]() wyfke. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sarkidiornis sylvicola | ||||||||||||
Ihering, HFA & Ihering, R, 1907 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe soarte wurdt 56 oant 76 sm, hat in spanwiidte tusken de 116 oant 145 sm en weecht 1 oant 2,9 kg. Folwoeksen fûgels ha in wite kop mei donkere skeinspruten en flekken en in wyt boarst. De boppedielen binne grien en blau irisearjend swart. It jerkje is in stik grutter as it wyfke en hat in grutte kaam op 'e snaffel, dy't by it wyfke ûntbrekt.
De Amerikaanske kaamein liket in soad op 'e gewoane kaamein, dy't yn Afrika en Oriïntaalsk Aazje foarkomt. De Amerikaanske kaamein is lykwols lytser en is op 'e sydkanten donkerder, by jerken swart en by wyfkes griis, wylst dy by de gewoane kaamein by jerken ljochtgriis en by wyfkes hast wyt binne. De measte taksonomyske autoriteiten ûnderskiede de Amerikaanske kaamein fan 'e gewoane kaamein as soarten fan it skaai kaameinen.
Fersprieding
bewurkje seksjeAmerikaanske kaameinen libje yn Súd-Amearika, benammen yn it noarden fan Kolombia en Fenezuëla oant Noard-Argentynje. It biotoop fan 'e fûgels bestiet út dobben yn gerslân, sompen, marren en rivieren, broekbosken en rysfjilden.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeAmerikaanske kaameinen briede meastentiids yn beamholtes mar ek yn heech gers. Jerken ha somtiden twa wyfkes tagelyk of oant fiif wyfkes efterinoar. Se ferdigenje harren wyfkes en de piken, mar net de nêstlokaasjes. Wyfkes lizze sân oant 15 gielwite aaien. Guon wyfkes lizze de aaien yn ien grut nêst, dêr't somtiden wol 50 aaien yn lizze.
Yn 'e reintiid binne de fûgels honkfêst, dêrbûten net en binne se faak yn groepen te sjen. Somtiden foarmje de groepen dan aparte seksen. Foar rysboeren wolle se noch wol ris in pleach wurde. Se mei graach yn beammen sitte
Se ite plantesoarten oanfolle mei lytse fiskjes, wringeleaze dierkes en sied.
Status
bewurkje seksjeDe wrâldpopulaasje fan 'e Amerikaanske kaamein wurdt op 25.000 oant 100.000 fûgels rûsd, itjinge delkomt op 16.700 oant 66.700 folwoeksen fûgels (Wetlands International 2023).
It kappen fan bosken en de tapassing fan gif om de fûgels út de rysfjilden te hâlden, foarmje in bedriging fan 'e soarte. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet wurdt der tefolle op 'e fûgel jage, lykas yn it noardeasten fan Brazylje.
Oannommen wurdt dat de populaasje oer it generaal tebek rint, mar om't tocht wurdt dat de tebekgong net grutter as 30% yn tsien jier tiid is en de fûgel in grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt de Amerikaanske kaamein troch IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre (2024).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side bestiet foar in part út in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside (sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Comb duck) en ynformaasje út:
|