Amsterdamned

film út 1988 fan Dick Maas

Amsterdamned is in Nederlânsk horrorskriller, plysjefilm en slasherfilm út 1988 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel en Monique van de Ven. De titel is in gearlûking fan 'e plaknamme Amsterdam en it Ingelske wurd damned, dat "ferflokt" betsjut. It ferhaal folget plysjeman Eric Visser as er efter in psychopatyske searjemoardner oangiet dy't Amsterdam ûnfeilich makket en út 'e grêften fan 'e stêd wei liket te operearjen. Amsterdamned krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Amsterdamned
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dick Maas
produsint Laurens Geels
Dick Maas
senario Dick Maas
kamerarezjy Marc Felperlaan
muzyk Dick Maas
filmstudio First Floor Features
distribúsje First Floor Features (Nederlân)
Concorde Film (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Huub Stapel
Monique van de Ven
byrollen Serge-Henri Valcke
Tatum Dagelet
Wim Zomer
Tanneke Hartzuiker
Hidde Maas
Lou Landré
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 11 febrewaris 1988
foarm langspylfilm
sjenre horrorskriller en plysjefilm
taal Nederlânsk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget ƒ6 miljoen

Op in jûns let yn Amsterdam nimt in prostituee in taksy nei hûs út it bordeel wei dêr't se wurket. De taksysjauffeur set op in stuit de auto oan 'e kant fan 'e strjitte njonken in grêft en besiket har mei geweld safier te krijen dat se him befrediget mei orale seks. As de ûnwillige prostituee him byt, smyt er har út 'e auto en riidt fuort. Wylst de prostituee op 'e knibbels op 'e klinkerts leit om har út har hântaske rûgele eigendommen op te sykjen, wurdt se oerfallen troch in moardner, dy't út 'e grêft wei op 'e kade klimt. Hy stekt har dea mei in grut slachtersmês en sleept har dan mei werom de grêft yn. De oare moarns wurdt it bluodderige lyk fan 'e prostituee ûnderstboppest oan in brêge hingjend weromfûn as in rûnfeartboat ûnder dyselde brêge trochfart, mei oan board in groep skoalbern en nonnen dy't troch de ûnderfining foar it libben traumatisearre reitsje.

Resjersjeur Eric Visser, in allinnichsteande heit dy't tegearre mei syn tolvejierrige dochter Anneke wennet, wurdt op 'e saak set. Hy wurdt bystien troch syn plysjepartner, de eptige resjersjeur Vermeer, en kriget bykommende assistinsje fan 'e froulike resjersjeur Potter. Visser is ien dy't it net sa nau nimt mei de wurktiden en dy't ek as er yn funksje is, wolris in slokje nimt. Nettsjinsteande dat wurdt er troch syn sjef beskôge as ien fan 'e bêste resjersjeurs fan 'e Amsterdamske Plysje. Nei't er ûnderweis op trochtaastende wize mei in oerfal op in bakkerij ôfweefd hat, arrivearret Visser op it plak delikt. Vermeer praat him by oer wat der oant no ta bekend is. Potter fynt de iennichste tsjûge, in âlde swerfster, dy't hawwe wol dat de prostituee fermoarde is troch in wettermeunster dat opriisde út 'e grêft.

Dy nacht lizze in pear miljeu-aktivisten, Hendrik en Kees, yn in roeiboat yn in grêft om meunsters fan 'e wetterkwaliteit te nimmen by in gemysk fabryk wêrfan't se fermoedzje dat dy nachts ôffalwetter yn 'e grêft fuortspielt. Ynstee fan bewizen foar miljeufersmoarging treffe se lykwols de moardner oan, dy't Hendrik oerboard skuort as dy it anker ynhelje wol en him ûnthalzet. As Kees dat sjocht, falt er fan skrik oerboard. Hy wit nei de kant te swimmen, mar wurdt troch de moardner weromskuord it wetter yn ear't er help beroppe kin.

De oare deis, as de stoflike omskotten fan 'e beide miljeu-aktivisten fûn wurde, komme Visser en Vermeer del om 'e dûbele moard te ûndersykjen. Se ornearje dat se nei alle gedachten te krijen hawwe mei in searjemoardner, mei't de kâns lyts is dat der twa moardners tagelyk yn 'e Amsterdamske grêften aktyf binne. Harren team kriget fersterking fan John, in lid fan 'e wetterplysje en in eardere freon fan Visser. Harren freonskip is in jier as tolve lyn bekuolle nei't Visser wat krige mei de mem fan syn dochter Anneke, dy't op dat stuit in relaasje mei John hie. Mei't se Visser (en Anneke) letter ek sitte litten hat en no yn Frankryk gearwennet mei in keunstner, fynt John dat Visser al genôch straft is en dat er John sels boppedat foar gruttere ellinde behoede hat troch mei it frommes út te naaien. Nettsjinsteande dat wurde de beide mannen gjin freonen mear.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't no wol dúdlik is dat de moardner in dûker is, giet de plysje alle Amsterdamske dûkklubs ôf om neifraach te dwaan. Visser giet sels by de grutste dûkklub del, dêr't er in oantreklike froulike dûkster moetet dy't Laura hjit. Hy freget har om wat mei him te drinken yn 'e kantine fan 'e klub, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurdt Laura ôfhelle troch in Martin Ruysdael, in earder lid fan deselde dûkklub. Dy jûns wurdt in kollektante fan it Leger des Heils, dy't jild ûntfremdet út 'e kollektebus, fan 'e kade ôf de grêft yn skuord. De oare deis wurdt har lyk opfandele troch in boat fan 'e gemeentlike reinigingstsjinst dy't de grêften himmelet.

It plysje-ûndersyk foarderet mar traach, ta argewaasje fan Visser, want salang't de plysje gjin idee hat wa't efter de moarden sit, kin de searjemoardner ûnbehindere syn gong gean. De boargemaster rekket ek frustrearre oer it gebrek oan foarútgong yn it ûndersyk, en begjint druk út te oefenjen om Visser te ferfangen troch in resjersjeur dy't de saak wól oplosse kin. Visser syn sjef wegeret dêr lykwols oan mei te wurkjen en ferbynt syn eigen karriêrekânsen oan 'e útkomsten fan it ûndersyk fan Visser.

De middeis nimt Visser frij en siket er Laura op yn it Ryksmuseum, dêr't se rûnliedings fersoarget. Hy wol witte hoe't it sit tusken Ruysdael en har, mar sy bewissiget him derfan dat er inkeld in freon is, mear net. Dat kin ek net, want hy is har psychiater; Laura hat nammentlik in goed jier lyn de man ferlern, en dat hat har geastlik in rare knoei jûn. Visser freget har mei út op in ôfspraakje foar dy jûns en sy giet dêrop yn.

Wylst Visser en Laura tegearre yn in restaurant sitte, besiket Anneke har heit te helpen troch op eigen manneboet op 'e siik te gean nei de searjemoardner. Har skoalfreon Willy, dy't beweart paranormaal bejeftige te wêzen, giet yn trâns en wiist op in plattegrûn fan Amsterdam in plak oan dêr't neffens him de searjemoardner sit. Hy en Anneke geane dêrhinne, mar it blykt in flauwe grap fan Willy te wêzen om Anneke bang te meitsjen. By wize fan ferjilding jout se him in set, sadat er efteroer yn 'e grêft kneppelet. Pas as er ûnthjitten hat om tenei har húswurk foar wiskunde en Frânsk te dwaan, helpt se him wer op it drûge. Wylst se fuortkuierje, komt efter harren de searjemoardner boppe wetter.

De oare deis wurdt op ljochtskyndei in jonge frou fermoarde dy't yn bikiny yn in opblaasboatsje op 'e grêft oan it sinnebaaien is. Visser-en-dy krije einlings en te'n lêsten in tip dêr't se wat mei kinne, oer in dûker dy't foarhinne op boareilannen wurke. Dyselde man stiet bekend as in opljeppende driftkikkert dy't him fan en ta oerjout oan gewelddiedige útbarstings. In bekende is him koartby yn Amsterdam tsjinkommen en fûn dat er him apart hold en droech. Visser, Vermeer en Potter geane derop ôf, mar de ynfal yn it snústerige hoteltsje dêr't de man ferbliuwt, rint út op in wylde efterfolging as de fertochte út it finster springt en útpykt op in motorfyts. Visser giet der mei John yn in auto efteroan. Uteinlik riidt de fertochte himsels klem foar in iepensteande brêge. De man wurdt arrestearre, en as dat buorkundich wurdt, lit de hiele stêd in sucht fan ferromming slûpe.

Wannear't de arrestant yn 't ferhear nommen wurdt, begjint Visser lykwols twifels te krijen oft er wol echt de dieder is. Deprimearre begjint er te drinken, en midden yn 'e nacht set er nei Laura ta. Hoewol't se al sliepte, lit se him deryn. Sels riedt er har oan om him fuort te stjoeren, mar ynstee nimt se him mei op bêd, dêr't se seksuele omgong hawwe wylst it bûtendoar begjint te reinen dat it miicht. Yn 'e nacht snijt de moardner by needwaar de ôfmartouwen fan in wenark los en sleept de boat nei de midden fan 'e grêft, dêr't er him lek slacht. De bewenner, in dronken âldman, fermoardet er wylst it skipke te sink giet.

De oare moarns binne Vermeer en John al ier by de pinken, mar Visser is net te berikken om't nimmen wit dat er by Laura sliept hat. As se de lokaasje fan 'e sonken wenark fêststeld hawwe, beslút John dat er net op Visser wachtsje wol. Dêrom lûkt er in dûkerspak oan en giet er allinne op 'e boaiem fan 'e grêft op sneup nei wat er fine kin. Hy waant him feilich om't de searjemoardner ommers al efter slot en skoattel sit. Hy fynt de wenark, giet der nei binnen ta en ûntdekt de fermoarde bewenner. As er wer nei bûten ta sil, wurdt er by de útgong fan 'e roef opwachte troch de moardner, dy't him mei in dûkersmês tenei komt en deastekt. Vermeer en de unifoarmearre wetterplysjes helje John boppe wetter, mar it is al te let. In bûltsjesspoar, as fan in dûker mei in soerstofflesse, liedt by de wenark wei, en Vermeer-en-dy sette de efterfolging yn. As de dûker in slûs yn swimt, tinkt Vermeer dat er de dieder te pakken hat troch halje-trawalje de slûsdoarren ticht te draaien. Dêrnei lit er de slûs leechpompe. Visser arrivearret krekt op 'e tiid om te sjen dat de dûker inkeld syn soerstofflesse op 'e boaiem fan 'e slûs efterlitten hat, mar sels ûnder wetter swimmend ûntkommen is.

In tip dat der in man yn dûkerstaris út 'e grêft in loads op in jachtwerf binnenkrongen is, set Visser en Vermeer wer op it spoar fan 'e moardner. Dyselde wit lykwols fannijs te ûntkommen troch in speedboat te stellen. Visser nimt in oare speedboat derefteroan, mar Vermeer mist de boat. Der folget in spektakulêre speedboatefterfolging troch de Amsterdamske grêften, dy't einiget as de moardner net goed útsjocht en syn speedboat yn 'e side fan in folle gruttere frachtboat boarret, mei in grutte ûntploffing ta gefolch.

Visser fangt in glim op fan immen dy't in ein fierderop út it wetter fan 'e grêft wei in mânselheech rioel binnen giet. Hy set derefteroan en ûntdekt de moardner úteinlik as dy fia in rioelputsje út it rioel klimt. De moardner besjit him mei in harpoenpistoal, en Visser kriget de harpoen troch it skouder. Ear't de man syn gewear werlade kin, pakt Visser syn pistoal en sjit werom. Dêrby tebrizelet er de dûkbril fan syn oanfaller en jeit de man de skrik op it liif, mar ferwûnet him fierders net. De moardner spilet lykwols fan ruten, net wittend dat Visser fuort dêrnei bewusteleas rekket troch de pine fan syn wûne. Letter wurdt er wekker yn it sikehûs, dêr't Vermeer, dy't him úteinlik fûn hat, him hinne brocht hat. Laura is dêr ek en heart hoe't Visser en Vermeer it oer de stikkene dûkbril hawwe. De dokter wol Visser foarearst ter observaasje yn it sikehûs hâlde en spuitet him plat om foar te kommen dat er útpike sil.

De oare deis giet Laura nei har wyklikse psychiatersôfspraak mei Ruysdael. Hja is wat betiid en Ruysdael sels is der net. Syn húshâldster lit har deryn, mar stiet sels op it punt om fuort. Laura wachtet wat, mar as se lûd heart, doarmet se yn it lege hûs om en ûntdekt se yn it efterhûs in kelder dy't tagong jout ta de grêft. Dêr lizze ferskate foarwerpen dy't fan 'e slachtoffers fan 'e searjemoardner binne, lykas de kollektebus fan 'e heilssoldate, mar Laura hat dat net foar it ferstân. As se lykwols in dûkbril mei in ferbrizele glês opmerkt en in dûkerspak dat noch net goed drûch is, begjint se erchtinkend te wurden. Se skillet it sikehûs op om Visser te wurd, mar de ferpleechster wol har net trochferbine om't Visser ferlet hat fan rêst. Ynstee lit se dan mar in boadskip efter dêr't de ferpleechster gjin tou oan fêstknoopje kin, foar't se de hoarn der gau opsmyt om't Ruysdael thús komt. Laura siket in sideplak op en hâldt har sa stil mooglik.

Yn it sikehûs komt Vermeer mei Anneke en Willy op sikebesite en makket Visser wekker. De ferpleechster fertelt dat der in Laura foar Visser belle hat mei in urgint boadskip oer dat se wit wa't it is. Visser, dy't wit dat Laura hjoed om dizze tiid nei Ruysdael soe, ûntslacht himsels fuortendaliks út it sikehûs en set mei Vermeer ôf nei de wente fan Ruysdael. Dêr is de psychiater ûnderwilens begûn mei pianospyljen, wat Laura de kâns biedt om in feiliger hinnekommen te sykjen. Se giet wer nei de wetterkelder, mar stompt dêr by fersin wat om. Ruysdael giet op ûndersyk út nei wat dat leven feroarsake hawwe kin, en wannear't er mei de rêch nei Laura ta stiet, timmert se him del mei in peddel. As er bewusteleas is, sakket se yn ferromming op 'e knibbels del. Ynienen sjit der in dûker út it wetter omheech en grypt har by it ankel. Hy besiket Laura de grêft yn te slepen, mar se hâldt har fêst oan 'e spile fan in trepke dat yn 'e kelder omleech liedt. Krekt foar't de spile los skuord wurdt, smyt Visser de keldersdoar iepen en sjit syn pistoal leech op 'e dûker, dy't gau-gau ûnder dûkt en fuort swimt.

Neitiid bekent Ruysdael dat de searjemoardner in hiel goede freon fan sines is, dy't as profesjoneel dûker foar in bergingsbedriuw wurke. By de berging fan in skip dat temûk laden wie mei uraniumheksafluoride rekke er slim fergiftige. Neitiid koed syn wurk net mear dwaan en krige er kankerswolms oer de hiele holle, en ek syn tinken rekke oantaast. Visser konkludearret dat de man trochdraaid is en wraak nimme wol op 'e hiele wrâld. Ruysdael liedt Visser en Vermeer nei de wente fan syn freon, mar op it stuit dat de resjersjeurs dêr binnenfalle, makket de moarder himsels fan kant troch himsels mei syn harpoenpistoal in harpoen troch de holle te sjitten.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Huub Stapel yn 2015.
 
Monique van de Ven yn 1988.
haadrollen
personaazje                     akteur/aktrise
resjersjeur Eric Visser Huub Stapel
Laura Monique van de Ven


byrollen
personaazje akteur/aktrise
resjersjeur Vermeer Serge-Henri Valcke
Anneke Visser Tatum Dagelet
wetterplysjeman John Wim Zomer
resjersjeur Potter Tanneke Hartzuiker
Martin Ruysdael Hidde Maas
plysjesjef Lou Landré
Willy Edwin Bakker*
manager dûkferiening Paul van Soest
boargemaster fan Amsterdam Jules Croiset
patolooch-anatoom Roelant Radier
haadkommissaris fan plysje Helmert Woudenberg
gleie taksysjauffeur Jaap Stobbe
prostituee Barbara Martijn
swerfster Lettie Oosthoek
meunsternimmer Hendrik Koos van der Knaap
meunsternimmer Kees Pieter Loef
heilssoldate Simone Ettekoven
jonge frou yn opblaasboatsje Leontine Ruiters
jongeman op wenboat Don Duyns
dronken wenarkbewenner Pieter Lutz
fertochte op motorfyts Hans Dagelet
gids op rûnfeartboat Inge Ipenburg
jiskeman op grêftereinigingsboat Hans Beijer
searjemoardner Door van Boeckel
dokter yn sikehûs Freark Smink
ferpleechster Mira de Vries
resjersjeur #4 Jeroen Bosma
frachtweinsjauffeur G.H. van Essen
byrider yn frachtwein Bert Luppes
dirigint op orkestboat Bert Haanstra (cameo)
man op terraske Simon Carmiggelt (cameo)
man op wetterfyts Simon van Collem (cameo)
frou op wetterfyts Inge Beekman (cameo)

*) De dialooch fan Edwin Bakker waard yn 'e postproduksje neisyngronisearre mei de stim fan Horace Cohen.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Amsterdamned waard regissearre troch Dick Maas nei in senario fan himsels. As produsinten wiene Maas en Laurens Geels by it projekt belutsen foar harren filmstudio First Floor Features. Foar de film wie in budget beskikber fan ƒ6 miljoen, wat omrekkene likernôch 2,3 miljoen is. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Marc Felperlaan, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dick Maas.

De Golden Earring, in band dêr't Maas ferskate fideoklips foar makke hie, skreau foar Amsterdamned de titelsong My Killer, My Shadow. Ta teloarstelling fan 'e band keas Maas lykwols foar de titelsong Amsterdamned, fan it duo Loïs Lane. My Killer, My Shadow waard doe as nûmer útbrocht op it Golden Earring-album Keeper of the Flame. Amsterdamned fan Loïs Lane berikte it 33e plak yn 'e Nederlânske Top 40, en My Killer, My Shadow it 24e plak.

De opnamen foar Amsterdamned fûnen foar it meastepart plak yn Amsterdam. De binnendoarsênes op it plysjeburo waarden filme yn 'e Stopera, it nije stedhûs oan 'e Amstel; dat stie ûnder de opnamen noch leech om't de gemeentlike organisaasje it pas yn septimber 1988 betrok. Filmjen op 'e Wallen, de rôze buert fan Amsterdam, bliek fanwegen de drokte dêre ûnmooglik. Dêrom waard de Groenburgwal foar inkele dagen behongen mei reade lampen, neönreklames en úthingbuorden. De Amsterdamske grêften wiene likemin gaadlik foar opnamen; dêrom waarden de ûnderwettersênes filme yn 'e Eastfoarnske Mar by Rotterdam.

De sêne fan Visser syn besyk oan 'e dûkklûb waard opnommen by de Sloterplas yn Amsterdam. De sêne wêryn't Visser de berôving fan in bakkerij feridelet, waard filme yn Utert, wylst de wente fan psychiater Martin Ruysdael yn it echt yn Heemstede stie. De gearkomste yn 'e wurkkeamer fan 'e boargemaster waard filme yn it stedhûs fan Leien. De efterfolging mei de fertochte op 'e motor waard foar in diel opnommen yn it gebiet by de Zeedijk en de Oudezijds Achterburgwal. De ferpaupering mei fertutearze pannen en tichtspikere doarren en finsters liket wol in oerdreaun effekt foar de film, mar wie ein 1980-er jierren de tryste reäliteit yn dy buert. De slûs dêr't de moardner resjersjeur Vermeer sa te fiter hat, wie de Amstelslûs by it Keninklik Teäter Carré. It bliek technysk net mooglik om dy echt leech te pompen. Dêrom waard foar it koarte byld fan 'e leechpompte slûs in skildering foar de kamera pleatst.

By de opnamen fan 'e speedboatefterfolging troch de Amsterdamske grêften ferlear ien fan 'e stuntlju op in stuit by it nimmen fan in bocht de behearsking oer it stjoer, mei as gefolch dat de speedboat mei in faasje fan 70 km/h tsjin 'e kademuorre oan klapte. Dêrby rûn akteur Huub Stapel, dy't ek oan board wie, in swiere hernia op dy't him trije wiken bûten aksje hold. Om't der yn Amsterdam gjin werfkelders mei leechleine terraskes binne, waard it stik fan 'e speedboatefterfolging wêrby't de beide speedboaten har in paad klearje troch in mei toeristen befolke terraske, oan 'e Oudegracht yn Utert opnommen. Oan 'e tsien sekonden dy't dat stikje fan 'e efterfolging yn 'e film ynnimt, waarden twa draaidagen spandearre. Foar de sêne wêrby't ien fan 'e speedboaten oer in brêge yn 'e grêft springt, waard de boat 'ôfsketten' mei in stikstofkanon. Foar de sêne yn it rioel waard yn 'e studio in riolearringsstelsel neiboud; yn it echt hat Amsterdam gjin rioelbuizen dy't sa grut binne dat in man der frijwol rjochtop yn rinne kin.

Yn 'e film binne ferskate cameo's fan bekende Nederlanners te sjen. De earste deis, koart foar't er de berôving fan 'e bakkerij feridelet, riidt Visser by in terraske lâns dêr't kollumnist Simon Carmiggelt sit. By de speedboatefterfolging moatte de beide speedboaten útwike foar in boat mei in orkest dat dirigearre wurdt troch regisseur Bert Haanstra (in ferwizing nei dy syn bekende film Fanfare). En by de speedboatefterfolging wurdt troch de moardner ek in âlder troud pear op in wetterfyts wiet spat; dat binne filmkritikus Simon van Collem en Inge Beekman, de mem fan regisseur Dick Maas. Dyselden hiene ek in cameo as troud pear yn Maas syn eardere film Flodder (1986), wêrby't se ek al wiet spat waarden (doe't der in auto yn harren swimbad ried) .

 
Regisseur Dick Maas by de parsepremiêre fan Amsterdamned op 8 febrewaris 1988.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Amsterdamned waard yn Nederlân fersoarge troch First Floor Features en om utens troch Concorde Film. De film gie op 11 febrewaris 1988 yn 'e Nederlânske bioskopen yn premiêre. Yn 2017 waard Amsterdamned ûnder tafersjoch fan regisseur Dick Maas en filmeditor Hans van Dongen folslein restaurearre, om dêrnei yn 'e Feriene Steaten op blu-ray útbrocht te wurden.

Fan 'e filmkritisy krige Amsterdamned oer it algemien positive resinsjes. Websiden dy't resinsjes sammelje, lykas Rotten Tomatoes en Metacritic hawwe anno 2023 (noch) gjin oardiel oer Amsterdamned.

De opbringst fan Amsterdamned yn 'e Nederlânske bioskopen is ûndúdlik, hoewol't wol bekend is dat de film goed besocht waard en kommersjeel súksesfol wie. Op 'e Amerikaanske Filmmerk fan 1988 wie Amsterdamned de op twa nei heechst betelle film fan it jier. Vestron besette de filmdistribúsjerjochten yn 'e Feriene Steaten en liet de film yn it Ingelsk neisyngronisearje. Huub Stapel, Monique van de Ven en Serge-Henri Valcke sprieken dêrby harren eigen dialooch yn it Ingelsk yn. Amsterdamned waard yn 'e Feriene Steaten yn in beheind tal bioskopen útbrocht en behelle in opbringst fan $98.000.

Skraste ferfolchfilm

bewurkje seksje

Begjin 1990-er jierren naam regisseur Dick Maas yn omtinken om in ferfolch op Amsterdamned te meitsjen. Dat moast dan net yn Amsterdam, mar yn Rotterdam spylje. Dêr wie de titel Rotterdoom foar betocht, in gearlûking fan 'e plaknamme Rotterdam en it Ingelsk wurdt doom, dat "doem" betsjut. Uteinlik besleat er dat plan lykwols net troch te setten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en ûnder Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side