Anatole Le Braz
Anatole Le Braz (Saint-Servais, 2 april 1859 – Menton, 20 maart 1926) wie in Frânsk dichter, skriuwer, folklorist, letterkundige en oersetter fan Bretonsk etnysk komôf. Hy skreau yn it Bretonsk, syn memmetaal, en stie heech oanskreaun mank kollega-letterkundigen út Jeropa en Noard-Amearika fanwegen sawol syn kennis as syn sjarme.
Anatole Le Braz | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anatole Le Braz | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 2 april 1859 | |
berteplak | Saint-Servais (Bretanje) | |
stoarn | 20 maart 1926 | |
stjerplak | Menton (Provâns) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurk | ||
taal | Bretonsk | |
sjenre | poëzij, roman, oersettings, non-fiksje | |
perioade | Belle Époque |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeLe Braz waard yn 1859 berne yn Saint-Servais, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord (no Côtes-d'Armor). Hy waard grutbrocht yn in earm maatskiplik fermidden fan houtsjers en houtskoalbrâners. Syn âlden wiene Bretonsktaligen dy't gjin Frânsk sprieken. Le Braz brocht syn fakânsjes troch yn Trégor, dat in protte fan syn lettere wurk ynspirearre. Mei tsien jier gied er yn Saint-Brieuc foar it earst nei skoalle. Le Braz bliek goed leare te kinne en helle syn efterstân gau yn. Hy krige de kâns om troch te learen oan 'e Universiteit fan Parys (de Sorbonne), dêr't er sân jier studearre.
Neitiid kearde Le Braz werom nei syn heitelân Bretanje, dêr't er fjirtjin jier lang learaar wie oan it lyseum yn Quimper. Yn dy snuorje bestege er syn frije tiid oan it oersetten fan âlde Bretonske ferskes yn modern Frânsk, wêrmei't er it wurk oan it ûntsluten fan 'e Bretonske folkloare fuortsette dêr't François-Marie Luzel mei begûn wie. Le Braz nûge fakentiden pleatslike komelkers, gerniers en fiskers út om syn wente, in âld lânhûs, te besykjen sadat er harren sangen en folksferhalen optekenje koe. It resultaat wie it mânske La Chanson de la Bretagne ("It Liet fan Bretanje"), dat yn 1892 útkaam, en dat bekroand waard mei in priis fan 'e Académie française.
Le Braz wie ek in Bretonsk nasjonalist, dy't yn 1898 de earste foarsitter waard fan 'e Bretonske Regionalistyske Uny (URB). Dat wie in politike partij dy't by in gearkomste yn Morlaix oprjochte waard om 'e belangen fan it Bretonske folk te ferdigenjen. Yn 1899 stapte Le Braz lykwols oer nei de Ligue des bleus de Bretagne (LBB), in liberale partij dy't him ôfsette tsjin it konservatisme en klerikalisme fan 'e URB.
Fan 1901 oant en mei 1924 wurke Le Braz op 'e Universiteit fan Rennes, earst as dosint en letter as heechlearaar. Hy waard tweintich kear troch it regear yn Parys foar Frankryk op kulturele misje nei it bûtenlân stjoerd. Los dêrfan reizge er ek ferskate kearen nei de Feriene Steaten, Kanada en Switserlân. Yn 'e Feriene Steaten wied er yn 1906 gastdosint oan 'e Universiteit fan Harvard, en yn 1915 oan 'e Universiteit fan Columbia.
Yn 'e rin fan dat lêste besyk oan 'e Feriene Steaten kaam Le Braz yn 'e kunde mei in Henrietta S. Porter út Annapolis, mei wa't er troude foar't er (mei har) weromkearde nei Frankryk. Hja ferstoar lykwols yn 1919, wêrnei't Le Braz yn 1921 wertroude mei in oare Amerikaanse, Mabel Davison út New York.
Anatole Le Braz kaam yn 1926 te ferstjerren yn Menton, oan 'e Frânsk Riviêra, yn 'e âlderdom fan 66 jier. De Amerikaanske romanskriuwer John Nichols (b. 1940) is fia syn mem Monique Le Braz in oerpakesizzer fan him.
Tinktekens
bewurkje seksjeYn Bretanje binne neitiid ferskate tinktekens foar Le Braz oprjochte. Sa stiet der in grut stânbyld fan him wylst er in liet út 'e mûle fan in komelker optekenet yn Saint-Brieuc. Yn Tréguier stiet in betinkingsstêle. Beide keunstwurken binne ûntwurpen troch Armel Beaufils.
Wurk
bewurkje seksje(in kar)
- 1892 – La Chanson de la Bretagne (optekene folksferskes)
- 1892 – Tryphina Keranglaz (gedicht)
- 1893 – La Légende de la mort en Basse-Bretagne (folksferhalen oer de dea)
- 1894 – Les Saints bretons d'après la tradition populaire en Cornouaille (folksferhalen oer hilligen)
- 1894 – Au pays des pardons
- 1897 – Pâques d'Islande
- 1897 – Vieilles histoires du pays breton (folksferhalen)
- 1900 – Le Gardien du feu (roman)
- 1901 – Le Sang de la sirène
- 1902 – La Légende de la mort chez les Bretons armoricains (op 'e nij besjoene en útwreide ferzje fan La Légende de la mort en Basse-Bretagne)
- 1904 – Cognomerus et sainte Trefine: Mystère breton en deux journées (tekst en oersetting)
- 1905 – Contes du soleil et de la brume (folksferhalen oer de sinne en mist)
- 1911 – Ames d'Occident
- 1926 – Poèmes votifs (dichtbondel)
- 1949 – Introduction, Bretagne: Les Guides bleus (postúm publisearre)
- 1995 – La Bretagne. Choix de texte précédés d'une étude (blomlêzing út syn wurk)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|